RIVM: 119 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 119 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der ûngefear likefolle as moandei. Doe gie it om 116 coronabesmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 132 besmettingen meld.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (22). Dêrnei folgje de gemeenten Waadhoeke (18) en Ljouwert (16).
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, Der binne yn dy tiid trije minsken opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Opsterlân en Tytsjerksteradiel.
Neffens de lêste sifers fan de sikehûzen binne der yn Fryslân 19 pasinten opnaam, dêr't fan fêststeld is dat se besmet binne mei it coronafirus. De lêste kear dat dat getal sa heech wie, wie yn maaie.
Yn Fryslân lizze der twa pasjinten mei it coronafirus op in IC-bêd.
It RIVM ferwachtet dat de pyk yn de sikehûzen dizze wike berikt wurdt. Dat meldt de NOS.
It tal besette bêden yn de Fryske sikehûzen (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 4.042. Moandei waarden der 3.914 besmettingen teld.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.