Opbou PC úteinset: "Der kin no eins net safolle mear misgean"

Al is de fergunning noch net hielendal rûn, op it Sjûkelân yn Frjentsjer binne se úteinset mei de opbou fan de tribunes foar de PC fan 4 augustus. Neffens foarsitter Ids Hellinga is it fanwegen de coronamaatregels noch wol spannend oft alle keatsers meidwaan kinne.
© Orange Pictures
"Wy binne bliid dat wy wer safier binne dat de tribune stiet. Der kin no eins net safolle mear misgean", seit PC-foarsitter Ids Hellinga.
De oankundiging fan nije coronamaatregels hat neffens him net foar in soad ûnwissichheid soarge. "As jo dit in bytsje folgje, lei dit ek wol in bytsje yn de lijn der ferwachting", seit Hellinga. "Op it stuit meitsje ik my mear soargen oer it waar as om de coronamaatregels."
Sil it sa wêze dat alle keatsers keatse kinne?
Ids Hellinga
De fergunning foar de PC is lykwols noch net rûn. "Dat hawwe wy oare jierren ek", seit Hellinga. "Der binne altiten wol wat lytsichheden dy't op it lêste momint oanpast wurde moatte. Ferline wike binne de lêste wizigingen dêryn oanbrocht"
Neffens de foarsitter bliuwt it wol spannend oft elkenien meidwaan kin. "Dêr sit foar ús noch wol wat spanning. Sil it sa wêze dat alle keatsers keatse kinne? De ôfrûne wike hiene wy te krijen mei in tal keatsers dy't fanwegen coronamaatregels net keatse koene. "
Der binne noch wol soargen by de PC
Wat dit jier boppedat oars as oars is, is dat besikers allinnich nei binnen kinne mei in QR-koade. "Jo moatte echt in QR-koade hawwe, op de telefoan of op in stik papier."
Op it Sjûkelân stiet dit jier ek in reinbôgeflagge, dêr't ek de Fryske pompeblêden yn sitte. Hellinga:"Wy hiene dochs it gefoel mei-inoar dat wy der in lyts statement oer meitsje moatte."