Opnij twa coronabesmettingen by SC Cambuur

Yn de seleksje fan SC Cambuur binne opnij twa spilers posityf test op corona. Neffens de klup binne de twa fuort yn karantêne gien en bûten alle teamaktiviteiten holden. By twa oare Cambuurspilers en in lid fan de technyske stêf waard earder al corona fêststeld.
© SC Cambuur
De klup besjocht no wannear't de spilers wer by de seleksje kinne. Der wurde foarsoarchsmaatregels naam om de fersprieding fan it firus fierder foar te kommen. De spilers, technyske stêf en direksje wurde foar alle wedstriden test op it firus.