Frysk bedriuw komt mei Ingelsk alternatyf foar sânsekken by wetteroerlêst

De Aqua Sac soe in oplossing wêze kinne foar problemen mei wetteroerlêst en in goed alternatyf foar de sânsek. It Fryske bedriuw Vloeddefensie wol de patintearre útfining út Ingelân hjir hinne bringe.
Sa wurket de Aqua Sac
De útfining soe in miljeufreonlike oplossing wêrby't minsken gjin sân hoege te skeppen en dy't faker brûkt wurde kin. De sek sûget himsels fol wetter troch de absorbearjende polymeren binnenyn. Yn tsien minuten is de sek fol. Lege sekken binne maklik op te slaan en yn te setten.
"In doaze kinne jo sa yn de auto sette", leit Wilfred Westerdijk fan Vloeddefensie út. "Dêr sitte fytich sekken yn. It is licht en fluch te ferfieren en ta te passen. Ofhinklik fan hoe heech oft it wetter komt, is in daam op te bouwen oant oardel meter."
It wurdt net oeral brûkt omdat it hjir noch net bekend is, tinkt Westerdijk. En yn drûge perioaden tinke minsken net oan wetteroerlêst.

Tanimmende wetteroerlêst

It Hearrenfeanske bedriuw ferwachtet dat mei de tanimmende wetteroerlêst de sekken takomst hawwe by partikulieren, bedriuwen en op campings. Fersekerders hawwe ek belangstelling seit it bedriuw, omdat der in soad skea en kosten mei foarkommen wurde kinne.
Tapassing fan de Flood Barrier © Vloeddefensie
Foar wannear't it wetter al heech stiet, hat it bedriuw de Alteau Flood Barrier, dat troch de wetterdruk op de grûn fêstsitten bliuwt. De kearing kin salang wurde as mar needsaaklik is, omdat de stikken seil mei sterke klittebân oan inoar te keppeljen binne. De maksimale wetterhichte is 1 meter.
Tony Christopher fan Vloeddefensie jout útlis oer de Alteau Flood Barrier