Stortemelk op Flylân dweiltrochwiet

Kampearterrein Stortemelk op Flylân kaam yn de nacht fan moandei op tiisdei foar in grut part ûnder wetter te stean. Guon campingplakken binne dweiltrochwiet. Meiwurkers hawwe gasten nei in drûger hinnekommen brocht en de brânwacht hat ek holpen.
Wetteroerlêst op camping Stortemelk:
"Neffens my hawwe wy it wer aardich ûnder kontrôle, mar der wie ynienen in soad rein," seit ien fan de campingwachters op Stortemelk midden yn 'e nacht. "Ik kom in soad minsken tsjin dy't dit gewoan net ferwachte hawwe. Der is folle fochtigens yn de tinten. Wy binne no mei syn allen oan it sjen hoe't wy dit oplosse kinne."
De camping besocht earst de gasten yn tinthúskes te krijen. "As dat net genôch is dan stelle wy ús rekreaasjegebou De Bolder iepen. Wy hawwe genôch romte."
"Het is wel heel bizar dit, ik heb dit nog nooit meegemaakt," seit in man op de camping. "We hadden wel alles omhoog geplaatst. Maar uiteindelijk toch natte enkels. Ik dacht eerst: het waait wel over, een kort buitje kunnen we wel hebben op deze zandgrond. Maar het was toch wat erger," seit syn meikampearder.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust midden yn de nacht
Om healwei ienen hinne begûn it te reinen. Sa'n trije oeren letter kaam de brânwacht op it plak om wetter fuort te pompen. Tiisdeitemoarn wie de brânwacht dêr noch altyd mei dwaande.
Campinggast Geertje Veenstra fan Suwâld: "It wie by ús tinte echt it slimst, alles stie ûnder wetter. It kaam ûnder de tinte, de foartinte stie blank. Noch twa sintimeter mear wetter en de hiele binnentent hie der ûnder stien. It is no efkes ôfwachtsjen oft it wetter der allegearre weihelle wurde kin."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust tiisdeitemoarn
"Dit is echt een puinhoop, echt verschrikkelijk", seit Jan van der Veen, direkteur fan Stortemelk. "Wat er vannacht gevallen is, is een enorme hoosbui. Dit kan niemand voorzien."
Neffens Van der Veen binne der sa'n 25 tenten dy't bot ûnder wetter stiene. "We zijn druk aan het pompen. Zodra het water weg is kunnen de mensen een tent droogmaken en hopen dat ze kunnen blijven, maar de voorspellingen zijn niet best."
Van der Veen is hjoed al de hiele dei drok yn petear mei de campinggasten. "Je moet er zijn voor de mensen", seit Van der Veen. Foar de gasten wurde oare plakken op it eilân regele. Yn it slimste gefal sille minsken nei hús moatte, om't it eilân fol sit yn it heechseizoen.
Direkteur Van der Veen oer de wetteroerlêst