Marit Bouwmeester klimt nei it poadium, mar sjocht Rindom útrinnen

Sylster Marit Bouwmeester bliuwt klimmen yn it klassemint op de Olympyske Spelen. Sy waard tredde yn de earste race en njoggende yn de twadde race fan dizze dei. Se is no opklommen nei it tredde plak yn it klassemint.
Marit Bouwmeester © ANP
It wie de fraach oft der tiisdei wol syld wurde kin, omdat der in stikje fan de tyfoan oer it sylwetter yn Enoshima komme soe, mar dat foel mei.
Bouwmeester seach yn de fiifde race dat de Sweedske Olsson wûn. Bouwmeester hie hieltyd Annemarie Rindom efter har oan. De Deenske waard fjirde en stiet twadde yn it klassemint. De Noarske Line Flem Hoest stiet noch altyd earste. Se waard yn de lêste race tsiende.

Sechde race in stik minder

De start fan de sechde race wie hiel min fan Bouwmeester. By de earste boei lei sy tolfde en healweis lei se sels tweintichste. Rjochting de twa-nei-lêste boei keas sy lykwols de goeie line en klom se op nei it njoggende plak. Konkurrinten lykas Flem Høst en Karachaliou sylden hiel min en einigen efteryn.
It positive is dat Bouwmeester goed skoarde fan de measte konkurrinten, mar dat de Deenske Annemarie Rindom no 13 punten foarsprong hat. De Sweedske Olsson stiet twadde, mar hat mar ien punt minder as Bouwmeester.
Woansdei komt de laser radial-klasse dêr't Bouwmeester yn syld net yn aksje. Tongersdei folgje race sân en acht. Der binne yn totaal tsien racen en in medalrace (wêryn't de punten dûbel telle).

Klassemint nei 6 fan de 11 racen (lêste race telt dûbel)

Namme Utslach Totaal
1. Rindom (Denemarken) 6, 5, 3, 13, 4 en 4 22
2. Josefin Olsson (Sweden) 34, 15, 8, 4, 1 en 6 34
3. Marit Bouwmeester (Nederlân) 21, 14, 7, 2, 3 en 9 35
4. Flem Høst (Noarwegen) 20, 3, 1, 3, 10 en 25 37
5.Tuula Tenkanen (Finlân) 9, 6, 14, 33,5 en 3 37