Epke Zonderland feestlik huldige nei beëiniging karriêre

26 jul 2021 - 19:37

Turner Epke Zonderland is moandei op it strân fan Scheveningen feestlik huldige. De Lemster sette ôfrûne wykein op de Olympyske Spelen fan Tokio in punt achter syn karriêre. Op it olympysk festival yn Scheveningen waard er tasprutsen troch pommeranten en prate er mei de parse.

"Ik bin bliid mei wat ik prestearre haw"

It wie in bysûnder tiid yn Tokio, mar ek hearlik om werom te wêzen mei alle famylje. Wer lekker thús. De teloarstelling oerhearske moandei net by Epke Zonderland by syn huldiging op it strân fan Scheveningen. Mei in grutte glimk op syn gesicht seit er: "Ik koe der net mear út helje. Ik bin bliid mei wat ik prestearre haw. Dat ik by de bêste turners fan de wrâld heard haw." Hy genietet noch altyd as er dêrop weromsjocht.

"Niks moatte, lekker genietsje fan it gesin. Dêr haw ik nei útsjoen.

Epke Zonderland oer de kommende tiid

Epke hat no tiid foar syn frou en bern. "Niks moatte, lekker genietsje fan it gesin. Dêr haw ik nei útsjoen." Hy hat twa jonge bern. Dat er der net altyd by wêze koe, knaagde oan him, fertelt er. "Hearlik dat dat no wol kin. Datst dysels efkes oan de kant sette kinst."

Hy wol no safolle mooglik wurkje oan syn fitheid, want dat wie er de lêste tiid net. "It is no saak om wer fit te wurden. Ik haw moannenlang net lekker yn myn fel sitten."

Bylden fan de huldiging

Wat sizze de besikers oer Epke?

"As Friezen binne wy grutsk op dat er it safier skopt hat." "Hy is ien fan de bêste turners dy't der is. As Epke turnt docht myn frou hast deselde oefeningen, sa spannend fynt se it" binne samar in pear reaksjes fan besikers fan de huldiging. In oarenien sil it momint fan Hij staat! nea ferjitte.

"Wy as Friezen binne grutsk op Epke"

(Advertinsje)
(Advertinsje)