Dykgraaf: Sokke grutte oerlêst kin wetterskip net foarkomme

26 jul 2021 - 19:17

Tsien kear safolle rein as oars foel snein yn dielen fan Noardeast-Fryslân. Wetterskip Fryslân wurket hurd oan it fuortpompen fan dat wetter, mar mei nije buien op komst bliuwt it spannend.

Wetterskip

Dykgraaf Luzette Kroon sjocht de situaasje fan no as in warskôging foar de oerheden.

It wetter sakket al wer. It sil nei alle gedachten ien of twa dagen duorje foardat alles wer normaal is, seit dykgraaf Luzettte Kroon. It wetterskip kin grutte wetteroerlêst lykas no net foarkomme, seit se der tagelyk ek by. Jo witte nea wêr't de buien falle en dus is yn 't foar it wetterpeil ferleegje net mooglik. En boppedat, yn drûge tiden moat der genôch wetter beskikber wêze foar boeren en toerisme.

Kroon hat noch wol in advys: wat de ynrjochting fan Nederlân oanbelanget moat goed sjoen wurde nei hoe't we omgean mei protten wetter. Sa moate huzen net op leech lizzende grûnen boud wurde en moatte der genôch wetteropslachkapasiteit wêze.

Dykgraaf Luzette Kroon

In boer yn Twizelerheide hat op syn lân twa needsleatten útgroeven sadat it wetter út dat doarp hurder fuortkomme kin. Dat syn lân no wat skea hat, fynt der net sa slim. Neffens feeboer Gerrit van der Meer soe it wetter folle hurder fuortkomme kinne as dy sleatten better hekkele wurde soenen.

Boer hat needsleatten op syn lân groeven

(Advertinsje)
(Advertinsje)