Karmelkleaster nimt ôfskied mei blommen

26 jul 2021 - 19:14

It Karmelkleaster yn Drachten is noch mar in pear dagen iepen. It wurdt in wensoarchsintrum. Foar de lêste kear dogge de froulju de blommen.

Foto: Omrop Fryslân

Sinneblommen, roazen en fioeltsjes. In groep frijwilligers is foar de lêste kear dwaande om it Karmelkleaster yn Drachten oan te klaaien mei allerhanne blommen.

It kleaster wie de ôfrûne 28 jier it plak foar tentoanstellingen, lêzingen en konserten. Mar oer in pear dagen giet it ticht en sil it kleaster in wensoarchsintrum wurde. De blommen soargje foar in fleurich ôfskied.

Karmelkeaster

Gelokkich hoech ik sels net te beslissen om te op te hâlden

Sedie Boonstra

De 89-jierrige Sedie Boonstra fersoarget de blommen al fan dat it kleaster yn 1993 oernaam is. Se fynt it prachtich om te dwaan en soe der net samar mei ophâlde: "Gelokkich hoech ik sels net te beslissen om op te hâlden."

No't it kleaster in wensoarchsintrum wurdt, binne de blomstikken net mear nedich. Neist de blommen hat frou Boonstra mei in groepke froulju eartiids ek gerdinen foar it kleaster makke. Se hat moaie oantinkens oan it wurk mei de oare froulju, mar ek oan de tentoanstellingen en it tal minsken dat delkaam yn it kleaster.

Foto: Omrop Fryslân

Besikers kinne noch oant en mei sneon op de webside fan it kleaster in besite fêstlizze om de blomstikken fan de froulju en de rest fan it Karmelkleaster te besjen.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman is by it blomskikken yn it Karmelkleaster

(Advertinsje)
(Advertinsje)