Swimbad Burgum koe wetter net oan: doarren bliuwe hiele wike ticht

26 jul 2021 - 18:18

It swimbad De Wetterstins yn Burgum is nei alle gedachten noch dizze hiele wike ticht. Troch de wetteroerlêst fan it ôfrûne wykein is de masinekeamer ûnder wetter rûn en dat hat foar skea soarge.

Swimbad Burgum koe wetter net oan: doarren bliuwe hiele wike ticht

De masinekeamer is leechpompt, de hiele nacht stiene de pompen oan. Sport- en rekreaasje-opsichter yn Tytsjerksteradiel Ben Douwes: "Foar safier't ik it begrepen haw, is der safolle reinwetter fallen dat sels de strjitten it net iens ferwurkje koene. Us masinekeamer is in kelder. It wetter siket dochs it leechste punt op", seit Douwes.

De wetterskea is yntusken ynventarisearre. De pompen dy't it wetter rûnpompe, binne stikken en sille reparearre wurde. Dizze pompen binne it wichtichst foar it swimbad, want it wetter moat goed sirkulearje, leit Douwes út.

Douwes hopet dat it swimbad gau wer iepen kin. "It fluchste senario soe wêze binnen trije of fjouwer dagen. As it tsjin falt, duorret it langer." Mar, seit Douwes ek, as der hieltyd safolle reinwetter falt, is it net wis oft De Wetterstins him yn de takomst fersette kin tsjin al it reinwetter.

Ben Douwes

Trefwurden: 
Burgum De Wetterstins
(Advertinsje)
(Advertinsje)