Quenten Martinus: "Niet doorvertellen, maar ik heb een primeurtje voor jullie"

26 jul 2021 - 16:48

De Olympyske Spelen binne dwaande yn Japan. In Ljouwerter dy't al hiel lang yn Japan fuotballet, is Quenten Martinus. Al seis jier lang spilet er yn de J-League, it heechste nivo yn Japan. "Ik zie mezelf voorlopig nog niet terugkeren in Nederland."

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Quenten Martinus fuotballet al seis jier yn Japan. Dêrfoar spile er by Read Giel en Cambuur, foar't er acht jier lang by SC Hearrenfean spile. "Ik ben daar nooit echt doorgebroken, maar ik heb wel een heel mooie tijd gehad. Met jongens als Narsingh, Van Anholt, Ziyech. Heerenveen is wel echt mijn club."

Yn Nederlân sile er ek noch foar FC Emmen en Sparta. Tuskentroch gong er nei Ferencvaros (Hongarije) en FC Botosani (Roemenië).

Heerenveen is wel echt mijn club

Quenten Martinus

Yn 2016 gie er nei Yokohama F. Marinos, in grutte klup yn Japan. "Ik speel hier in grote stadions. In Yokohama zitten er meestal wel 30.000 tot 40.000 toeschouwers." Hy spile ek noch foar Urawa Red Diamonds en sit no by Vegalta Sendai. Mar dêr giet it net sa goed. "Ik zit niet op één lijn met de coach. Wat dat betreft... misschien heb ik wel een primeurtje voor jullie, maar dat moet wel onder ons blijven."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)