UNESCO Wrâlderfgoedstatus foar Koloniën van Weldadigheid mei it Fryske Oostvierdeparten

26 jul 2021 - 16:38

In oantal eardere koloanjes fan de Maatschappij van Weldadigheid binne UNESCO Wrâlderfgoed wurden. Dat hat it Wrâlderfgoedkomitee moandei besletten. Dêr heart ek de Oostvierdeparten by Noardwâlde by dat eartiids ûnder de koloanje Wilhelminaoord foel.

Direkteur Minne Wiersma: "Wat wie it ferskriklik spannend"

It giet om Frederiksoord, Wilhelminaoord (mei Oostvierdeparten), Veenhuizen en Wortel. Allinnich de koloanjes dy't it meast yntakt bleaun binne, hawwe de Wrâlderfgoedstatus krigen.

Lês hjir it ferhaal fan Oostvierdeparten:

De belutsen bestjoerders binne snein byinoar kaam yn Frederiksoord en Veenhuizen. Mei in livestream hawwe sy de gearkomste fan de UNESCO-kommisje yn de Sineeske stêd Fuzhou sjoen. It beslút skode lykwols in dei op en waard pas moandei bekend.

Grutte blydskip yn Frederiksoord

No't it feit der leit, kin fierder wurke wurde oan de marketingplannen fan de sân koloanjes dy't der ea west hawwe. Foar de belutsen oerheden jildt dat it Wrâlderfgoed beskerme wurde moat.

'Hoeve 202' oan de Oostvierdeparten - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Foar de UNESCO-status is al jierren lobbyd. Earste plannen wiene der al om 2003 hinne. Yn 2017 reizge wethâlder Jack Jongebloed fan Weststellingwerf mei tal fan oare bestjoerders út Nederlân en België nei Parys om dêr it nominaasjedossier oan te bieden.

Al earder nominearre

Yn 2018 bestiene de koloanjes 200 jier. De hoop wie dat sy doe al UNESCO-gebiet wurde koene, mar dat slagge doe net, mei om't it ICOMOS noed hie oer de autentisiteit fan de koloanjes.

Oostvierdeparten is UNESCO, Westvierdeparten net

De koloanjes Merksplas, Ommerschans en Willemsoord binne earder út de nominaasje helle. Sa is Willemsoord net 'geef' genôch mear: der is in grutte dyk yn it gebiet oanlein en dizze koloanje hat him ûntwikkele ta in gewoan doarp.

Kolonisten binne yn 1912 oan de Westvierdeparten oan it ierappeldollen - Foto: Dorpsarchief Noordwolde

Under Willemsoord foel ek Westvierdeparten yn Weststellingwerf, dat yn it ferlingde fan Oostvierdeparten leit. Westvierdeparten is dus gjin Wrâlderfgoed, mar Oostvierdeparten wol.

Foar de gemeente Weststellingwerf wie it nijs dat Westvierdeparten der net by hearre soe in pear jier lyn in tebeksetter. Dochs hoopje de bestjoerders dat de status ek op Westvierdeparten ôfstrielet. Alle sân koloanjes - Wrâlderfgoed of net - lûke yn elts gefal mei-inoar op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)