116 nije coronabesmettingen yn Fryslân, gjin sikehûsopnamen en stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 116 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne trettjin minder as snein, want doe gie it om 129 coronabesmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It trochsneed fan de ôfrûne wiken leit no op 139. Dat is leger as it sifer fan snein, want doe wie it noch 160. In wike ferlyn lei it trochsneedtal coronabesmettingen noch op 235.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert mei 22. Dêrnei folget De Fryske Marren mei 15 en Súdwest-Fryslân mei 14.
Der binne gjin minsken yn it sikehûs bedarre troch corona of ferstoarn oan it firus.
Lanlik leit it tal coronabesmettingen op 3914. Dat binne 751 minder as snein.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.