Jonge see-earnen yn de Alde Feanen binne al hast folgroeid

26 jul 2021 - 15:23

It giet goed mei de twa jonge see-earnen yn natuergebiet de Alde Feanen. Trije moannen lyn kamen de fûgels út it aai, nei in spannende briedperioade. Yntusken groeie de see-earnen rap en binne se hast like grut as harren âlden, fertelt Sip Veenstra fan It Fryske Gea.

Hoe giet it mei de jonge see-earnen yn de Alde Feanen? (RTV NOF)

"Se binne no hast wol folgroeid", fertelt Veenstra, dy't de rôffûgels de ôfrûne moannen yntinsyf folge hat. "Se hawwe no wol in spanwijdte fan 2,20 meter en sille sa'n fjouwer kilo wêze. As se neist de âlden fleane, binne dy noch krekt in bytsje grutter."

Kamera livestream ûnderskiten

It briedproses wie de ôfrûne moannen te folgjen op in livestream op de webside fan It Fryske Gea. De kamera dy't op it nêst rjochte stiet, is yntusken offline helle. "Se hawwe de kamera derûnder skiten", leit Veenstra út. "Wy koene de lêste wiken mar in hiel lyts stikje sjen op byld. De kamera hie eins in lyts stikje heger moatten."

Takomst

De kommende moannen bliuwe de jonge see-earnen nei alle gedachten noch yn 'e buert fan 'e âlden yn de Alde Feanen. Oft se dêrnei ek noch yn it gebiet bliuwe, is ôfwachtsjen. "As der mar genôch fretten is, dan bliuwe se earst faak wol. En dat is der op dit stuit mear as genôch hjir yn de Alde Feanen."

Ferslachjouwer Mats Gies socht út hoe't it no mei de jonge fûgels giet

Foto: It Fryske Gea
(Advertinsje)
(Advertinsje)