Festival MadNes op It Amelân giet net troch om nije coronaregels

26 jul 2021 - 14:20

It festival MadNes op It Amelân giet dit jier net troch. It kabinet hat festivals ferbean dy't langer as ien dei duorje, yn alle gefallen oant 1 septimber.

Foto: Omrop Fryslân

It festival soe holden wurde op 27, 28 en 29 augustus. It wie it grutste festival dat yn augustus yn Fryslân op de aginda stie.

Binnen trije dagen wie it útferkocht. Minsken dy't in kaartsje ha, kinne harren jild weromfreegje.

Organisaasje bot oandien

It is de twadde kear op rige dat it it surf-, skate-, kultuer- en muzykfestival net trochgean kin, fanwege maatregels dy't naam wurde tsjin it coronafirus.

De organisaasje fan is bot oanslein, seit Symen Verbruggen. ''Het enthousiasme onder onze bezoekers en vrijwilligers was heel groot om er na de teleurstelling van vorig jaar een mooi feest van te maken."

'keihard knallen'

It soe de trettjinde edysje fan it festival wurde. Der wurkje mear as 200 frijwilligers oan mei. "We hebben het hele jaar superhard gewerkt en wilden keihard knallen."

Der soene 45 bands en DJ's komme. Dit jier stiene ûnder oare artysten as Will and the People, Tim Knol en Mahout op it programma.

'heel zuur'

De organisaasje hie dêr ôfspraken mei makke, omdat it evenemint fanwege corona mooglik net trochgean koe.

"Het leek in mei en juni nog hoopvol, maar dit is wel heel zuur", seit Verbruggen. "We kunnen er geen ééndaags-evenement van maken."

Trefwurden: 
MadNes festivals coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)