Oanlis sinnepark Lemsterhoek úteinset

De oanlis fan sinnepark Lemsterhoek is úteinset. Oan de kust fan de Iselmar komme 58.000 sinnepanielen, dy't trijekwart fan de stroom foar De Lemmer opwekke sille.
© Shutterstock.com (chinasong)
Omwenners binnen in straal fan 350 meter kinne foardielich sinnepanielen en in omfoarmer oanskaffe. Mei enerzjykoöperaasje Gaasterland is in yntinsje-oerienkomst sletten foar it lokaal ôfnimmen fan griene stroom út it park. Oan de noardkant fan it park wurdt in diel fan it sinnepark boud foar de enerzjykoöperaasje, dy't de stroom opwekke sil foar eigen leden.

Duorsume doelstellingen

Foar gemeente De Fryske Marren is it park wichtich foar de duorsume doelstellingen fan de gemeente. "Neist sinne op dakken ûntkomme wy net oan sinnefjilden om it elektrisiteitferbrûk fan ynwenners en ûndernimmers duorsum op te wekken", seit wethâlder Frans Veltman. "Dit sinnepark smyt in substansjele bydrage op oan de ferduorsuming fan ús gemeente."

Natuerlike oanpassingen

It sinnepark wurdt boud op in plak dat troch de wiete ûndergrûn net geskikt is foar lânbou. By it park komme ek ferskate natuerlike oanpassingen, lykas reidkragen en oare ekologyske foarsjenningen dy't it feanlânskip yn stân hâlde moatte.