Piet Paulusma: "Flinke buien, miskien mei hagel"

It bliuwt wiet, de kommende dagen. Dat ferwachtet waarman Piet Paulusma.
© Alex de Haan
Foar moandeitemiddei hat it KNMI koade giel ôfjûn fanwege reinwetter. "Verkeer en buitenactiviteiten kunnen hinder ondervinden", meldt it waarynstitút.
Middeis kinne der flinke buien komme, seit Paulusma, "mei kâns op tonger en in soad rein, miskien ek wol hagel".

Measte wetter yn Noarden

It measte wetter ferwachtet er yn it Noarden fan de provinsje. Dêr is dit wykein ek al in protte wetter fallen. By fersoargingshûzen yn Surhústerfean en De Westereen wie de sitewaasje sa slim, dat bewenners evakuearre binne nei hegere ferdjippingen.
Jûns kinne der ek noch stevige buien komme, seit Paulusma, benammen yn it Waadgebiet.

Buien bliuwe

Tiisdei is der in protte bewolking. Yn it suden fan de provinsje soe it tongerje kinne. Der binne buien.
Dy komme der woansdei, tongersdei en freed ek. "En ek yn it wykein noch", seit Paulusma. "Oer nije wike wol ik it noch net ha."
"We zien de laatste tijd steeds vaker dergelijke explosieve, lokale regenval", sei dykgraaf Luzette Kroon earder. "We zoeken naar oplossingen voor de enorme toevoer van water die dan ontstaat."