Simmerblog: Simmer yn Grou

26 jul 2021 - 23:07

Omrop Fryslân giet op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. We begjinne de tredde wike yn Grou! Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:34
Noch in noflike dei en oant moarn

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Grou. Tank foar it folgjen.

Moarn binne wy yn Dronryp. Oant dan!

17:25
Dit wie Simmer yn Grou
17:13
Mei 'De zon in je hart' slute wy dizze Simmer yn Fryslân ôf

Op it terras fan restaurant De Kade mei in drankje en mei boatsjes dy't gesellich foarby farre: it is in moaie ôfsluting fan de dei.

Restauranteigeners Femmalyn Dijkstra en Emille Fransen hawwe it terras iepen foar de meiwurkers fan it restauant, want dêr binne se grutsk op. "Het is een bedankje voor iedereen die zo hard voor ons werkt", seit Fransen. "We lopen met z'n allen heel erg hard om het allemaal voor elkaar te krijgen."

Troch corona is de simmer yn Grou dit jier lykwols minder drok. Toeristen binne der wol, mar grutte feesten lykas it skûtsjesilen binne skrast.

Dochs komme der noch in soad minsken nei it restaurant. "Druk hebben we het zeker", seit Dijkstra. Boppedat hawwe se no ek noch efkes muzyk. Sjonger Arnold Postma slút de dei ôf mei in tapaslike ferske: 'Laat de zon in je hart'.

Ofslúte op it terras

16:45
Op de trike troch it sintrum

Troch it sintrum fan Grou ride ynienen trikes: it binne gigantyske motors. It groepke is al sa'n 20 jier byinoar en de trike-riders komme út hiel Nederlân.

Sake Elzinga út Jislum is ien fan harren: "Elke kear as der wat te dwaan is, pakke wy de koffers en gean wy in wykein fuort", seit de trike-rider. "Dat befalt hiel goed."

Dizze dagen stean se op de camping yn Jislum. Ferslachjouwer Geartsje stapt by se efter op de trike: se ride moai troch it sintrum fan Grou.

Trikes yn it sintrum fan Grou - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Op de trike troch Grou

16:09
Sjonger Joop Spykstra

Sjonger Joop Spykstra hat syn studio deun by de grutte Sint Piter-tsjerke fan Grou. Mar hy is net allinnich sjonger, hy docht noch folle mear: hy hâldt him ek dwaande mei de Grouster wettersportferiening. Boppedat wie er âld-eigener fan sleepboat Desperado. Hy hat hjirmei sa'n 10 jier lang de skûtsjes nei de start sleept. "Ik bin gek fan de skûtsjesilerij", seit Spykstra. Hy hat der ek net foar neat in ferske oer skreaun.

Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Yn de studio by sjonger Joop Spykstra

15:12
Jerry de Grouster doarpskat

Foar Simmer yn Fryslân is der immen dy't wy net misse meie: Jerry de Grouster doarpskat. Hy sit no noflik neist ferslachjouwer Geartsje de Vries op it terras by de fiskwinkel.

'Het is een heel avontuurlijk beestje. Alles is leuk, alles is interessant. Hij heeft totaal geen angst. Hij moet gewoon even alles onderzoeken", seit syn baaske Thom Schipper.

Op Facebook en Instagram is de Grouster doarpskat ek populêr wurden. Minsken meitsje moaie foto's fan de doarpskat, Thom en syn suster sette de foto's op ynternet. Mei syn gps-bantsje kin Thom him boppedat altiten folgje.

Jerry de Grouster Doarpskat

13:48
Grimeur Arjen van de Grijn

Ferneamd grimeur Arjen van de Grijn wennet ek yn Grou. Yn syn tún hat er in pear pruken útstald, ûnder oare dy fan Van Kooten en de Bie. Foar it ferneamde duo wie Van de Grijn mar leafst 25 jier lang grimeur. "Ik heb 25 jaar lang Van Kooten en de Bie gedaan. Dat staat in Nederland ook in het collectief geheugen. Het was heel leuk, fantastisch om te doen."

Van de Grijn hat wichtich west foar in soad artysten en hat belutsen west by hiel wat films, sa ek De Hel van '63. Yn dizze film ferliest in reedrider in hân yn Sleat. Dy hân hat Van de Grijn no by him: "Dit is het afgereden handje, wat ik hier nog heb."

"Dat hoort ook bij het beroep van grimeur. Dan giet je bij iemand een hand af. Dan heb je een mal en daar gooi je siliconen in, daarom ziet die handen er zo goed uit, ook omdat er allemaal rimpeltjes zijn. Dan is het net echt."

Syn ferneamde pruken, makke fan echt hier, hat er ek yn syn tún yn Grou útstald. Boppedat stiet ek de kop van Kees van Kooten yn de tún fan Arjen van de Grijn. 'Die heb ik ooit afgegoten, ook voor een programma. Die hield toen hij een keer onder zijn arm. Hij liep met zijn eigen hoofd over straat", laket Van de Grijn.

Yn de tún fan Arjen van de Grijn

12:45
Nije wenten op it âlde terrein fan it Halbertsma-fabryk

Op it terrein fan it âlde Halbertsmafabryk wol it doarp nije wenten bouwe, mar fanwegen it fabryk dat der sa deun by stiet, lizze rekreaasjewenten mear foar de hân. Ferslachjouwer Geartsje de Vries stiet mei Ivo Krikke op it grutte terrein. "It soe foar ús as doarpelingen hiel moai wêze om te ûndersykjen oft it mooglik is permaninte wenten mooglik te meitsjen. Dan hawwe wy wenten tsjin de doarpskearn oan, foar de famyljes dy't graach tsjin it doarp oan wenje wolle, mar ek oan it wetter."

Ivo Krikke oer de nije wenten yn Grou - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Neffens Krikke is der bot ferlet fan de nije wenten, mar it is ôfhinklik fan it ûntwikkeltrajekt fan Grou oft de wenten permanint bewenne wurde kinne. "Der binne in soad húshâldingen dy't trochskowe wolle", seit Krikke. "As der gjin beswieren binne fan de omjouwing om hjir permaninte wenten te ûntwikkeljen, dan soe dat foar ús de foarkar hawwe."

Ivo Krikke oer de nije wenten yn Grou

12:13
Binnensjen yn it wolwinkeltsje fan Sytske Jongsma
Sytske Jongsma - Foto: Omrop Fryslân, Afke Boven
10:31
Sikefûns It Gild: it âldste sikefûns fan Nederlân

Jan Feike Hoekstra is foarsitter fan sikefûns It Gild. Mei 245 jier is it Grouster sikefûns it âldste fan Nederlân. Hoekstra fertelt dat it fûns der wie as útkearing mei sykte, ûngemakken of nei ferstjerren, mar ek as âlderdomspensjoen.

Fan 1911 ôf waard It Gild allinnich noch brûkt foar sykte en ûngemakken. Hjoed-de-dei betelje de leden 15 euro it jier. Wa't de AOW-leeftiid berikt hat, betellet noch in tientsje. Se krije der in fruitkuorke foar werom.

Hoekstra is al foarsitter fan de jierren '90 ôf. It ledetal rûn doe hurd tebek, mar Hoekstra hat yn dy tiid in protte minsken benadere. "It âldste sikefûns fan Nederlân moatte wy yn Grou yn stân hâlde", tocht er doe resolút.

Froulju meie lykwols net lid wurde fan It Gild. Dat jildt wol foar inkelde ferneamde Friezen, lykas Foppe de Haan en Wim Anker. Se wenje net perfoarst yn it doarp, mar se hawwe wol in spesjale bân mei Grou, leit Hoekstra út.

Jan Feike Hoekstra oer It Gild

10:12
By de bunker fan Grou

In bunker yn Grou? Roelof van Gelderen wit der alles fan. Hy is frijwilliger by it bunkermuseum, dat sûnt 2014 bestiet. De bunker yn Grou komt út de kâlde oarloch. It moast in ûnderkommen wurde foar de bestjoerders fan de provinsje, bygelyks foar de kommissaris fan de Keninginne. Mochten de spanningen tusken east en west oprinne, dan koene hjir 150 minsken ferbliuwe, 14 dagen lang. "Hy is trije kear echt brûkt", seit Van Gelderen. "Mei twa Alvestêdetochten en mei de sniestoarm yn 1979." De ferbiningen yn de bunker soargen derfoar dat hja hjir frij belje koe mei de rest fan Nederlân.

Roelof van Gelderen (links) en Bert van Manen (rjochts) - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Bûten is Bert van Manen dwaande mei it opknappen fan in âlde brânwachtauto út 1952. "Echt in oudje." Hy slingeret de motor oan. It duorret efkes, mar al gau rint de motor as in klokje.

Willem Vermeltfoort by de bunker

9:31
Grou en Sint Piter

Bauke Hooghiemster fertelt oer de skiednis fan Grou. Twa saken springe der dan út: de Halbertsma's en de Sint Piter-tsjerke. De âlde tsjerke waard boud yn de trettjinde iuw. "Hy stiet der no oars by as eartiids, letter is de toer der ek by kaam", seit Hooghiemster. "It is in prachtich kultureel monumint foar Grou."

Hjoed-de-dei wurdt hjir net allinnich troud of wurde der begraffenissen holden, mar der binne ek lêzingen en muzyk. "Asto Grou ynkomst, oer it wetter, mei de dyk of mei de trein: do sjochst altiten dy Sint Piter-tsjerke."

Bouke Hooghiemster - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Der heart sels in eigen feest by de kolossale tsjerke: it Sint Piter-feest, dat op 21 febrewaris holden wurdt. "Dat is in bysûnderheid foar Grou: dat Grou it iennige doarp is yn Nederlân dat gjin Sinteklaas fiert", seit Hooghiemstra. "It is in âld maitiidsfeest. Doe't Grou wat opsletten lei yn it wetter en de fiskers en de skippers yn febrewaris wer it ljocht seagen, dan waard der in feest fierd."

Mei Sint Piter stiet it hiele doarp op stelten. "It wurdt noch alle jierren mei in protte fleur en faasje fierd, benammen troch de bern."

Bauke Hooghiemster oer Sint Piter: de tsjerke en it feest

9:30
Wolkom yn Grou!

Goeiemoarn! It is de tredde wike fan Simmer yn Fryslân. Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne we yn Grou. Dat hie dizze dagen hielendal yn it ramt stien fan de SKS, mar it mei bekend wêze: dat giet dit jier wer net troch. Wat is der wol te dwaan? Dat sykje we hjoed út.

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.

Freed wienen we yn Wierum. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)