Bouwmeester folle better op dei twa

26 jul 2021 - 08:40

Sylster Marit Bouwmeester is twadde wurden yn de fjirde olympyske race yn de Laser Radial-klasse. Yn de tredde wedstriid waard se sânde.

Foto: ANP

Bouwmeester wie min fan start gien yn Tokio. Yn de earste wedstriden waard se 14de en 21ste. Der binne yn totaal tsien races yn Tokio, en in medal race.

Yn it klassemint stie se nei de earste dei op it achttjinde plak. No stiet se fyfde. It resultaat fan de minste wedstriid wurdt fuortstreke.

Klassemint nei fjouwer races

Utslaggen Totaal
1. Flem Høst (Noarwegen) 20, 3, 1 en 3 7
2. Karachaliou (Grikelân) 2, 19, 6 en 1 9
3. Rindom (Denemarken) 6, 5, 3 en 13 14
4. Zennaro (Italië) 13, 20, 2 en 6 21
5. Bouwmeester (Nederlân) 21, 14, 7 en 2 23

Bouwmeester begûn krekt as yn de earste twa races wer hiel min oan de tredde race. Se kaam as 16e oan by de earste boei. Dit kear koe se flink opklimme nei it sânde plak. De tredde race waard wûn troch Line Flem Høst út Noarwegen.

De fjirde race begûn Bouwmeester hiel goed. Se kaam as earste út de start, en hold de kopposysje hast de hiele wedstriid fêst. Allinne de Grykse Vasileia Karachaliou kaam har foarby.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen Tokio
(Advertinsje)
(Advertinsje)