Zonderland krijt 'waarm ôfskied' op olympysk festival yn Scheveningen

25 jul 2021 - 21:48

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer is moandei earegast by it TeamNL Olympic Festival op it strân fan Scheveningen. Zonderland pakt moandei it fleantúch yn Tokio en nei oankomst op Schiphol giet er direkt nei Den Haag.

Foto: ANP

Dêr sjocht Zonderland syn famylje en freonen wer. Neffens sportkoepel NOC*NSF krijt de olympysk kampioen fan 2012 boppedat in 'warom welkom en een waardig afscheid'.

Zonderland makke sneon bekend dat er ophâldt mei turnjen op it heechste nivo. Hy wie tefreden mei syn rekstôkoefening yn de kwalifikaasjes, mar dy wie net goed genôch om de finale te heljen. Hy lit it WK yn oktober, dat ek yn Japan is, sjitte.

Moaier wurdt it net

"It is goed sa", sei Zonderland nei't er bekend makke dat er ophâldt. "Ik wit net oft it moaier wurdt as dit. Ik tink it net."

Zonderland syn lichem wurket hieltyd minder mei. Hy kin dêrtroch net mear itselde nivo helje as yn syn topjierren. Hy hie al moannen lêst fan ferskate klachten, yn oanrin nei de Spelen yn Tokio.

Yn 2012 wûn de Fries olympysk goud yn Londen. Dêrnjonken waard er trije kear wrâldkampioen.

Op it strân fan Scheveningen

It Olympic Festival is de opfolger fan de Olympic Experience, it evenemint dat mei de Spelen fan Rio 2016 yn Den Haag wie. Op it strân fan Scheveningen binne oerdeis allegear sporten te beoefenjen, ûnder begelieding fan ferskate sportbûnen. Besikers kinne dêrnjonken de Olympyske Spelen folgje op grutte telefyzjeskermen.

Sporters fan TeamNL dy't op de Olympyske Spelen fan Tokio in medalje winne, krije ek in huldiging op it feestterrein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)