Wetterskip: It kin dagen duorje oant situaasje mei it wetter wer gewoan is

26 jul 2021 - 08:45

Wetterskip Fryslân hat ekstra pompen ynset om it oerstallige wetter yn de polders ôf te fieren. Op de plakken dêr't in ekstreem soad wetter foel, duorret it noch wol ien of twa dagen oant de situaasje wer normaal is, seit it wetterskip.

Wetter op in camping yn Sumar - Foto: CAMJO Media

Foar moandeitemiddei hat it KNMI opnij koade giel ôfjûn fanwege reinwetter. "Bij de buien kan kan er plaatselijk in korte tijd veel neerslag vallen en is ook hagel niet uitgesloten", meldt it waarynstitút.

"We zien de laatste tijd steeds vaker dergelijke explosieve, lokale regenval", seit dykgraaf Luzette Kroon. "Het is zaak om bewust naar oplossingen te zoeken voor deze enorme toevoer van water die dan ontstaat. Wij zijn als Wetterskip daar volop mee bezig."

Wetteroerlêst benammen yn de Wâlden

Benammen yn it noardeasten fan de provinsje gong it hurd mei de rein. De Westereen melde sneintemoarn 104,7 milimeter oan reinwetter. Dêr moast in part fan fersoargingstehûs Sikkemahûs evakuearre wurde.

In part fan it dak fan in bedriuw yn Bûtenpost wie ynstoart. De rein bleau op it dak lizzen en dat waard te swier.

Yn Burgum foel 69 milimeter, wylst gewoanwei yn de hiele moanne july 87 milimeter falt.

Oare meldingen fan oerlêst kamen út De Harkema, Surhústerfean, Bûtenpost, Koatstertille, Kollumersweach en Damwâld.

Jelle Gabe Witteveen fan de brânwacht Surhústerfean fertelt oer de skea yn de Wâlden:

Problemen wienen der ek op fakânsjepark Bergumermeer yn Sumar. Dêr stie it wetter yn guon tinten oant fiif sintimeter heech, fertelt in campinggast.

"Om 5 uur ging het heel hard", fertelt campingeigener Fokko Eybergen. "Er is gigantisch veel plenswater gevallen. We hebben maar koffie uitgedeeld, want de stroom was er even af op sommige plekken."

De campinggasten bliuwe der wol rêstich ûnder, want yn Limburch wie it folle slimmer:

(Advertinsje)
(Advertinsje)