Nyck de Vries leit op koers foar titel yn de Formule E

Autokoeureur Nyck de Vries fan Twellingea hat de lieding yn it klassemint fan de Formule E pakt. Hy waard snein twadde by de E-Prix yn Londen, genôch om de kopposysje ôf te pakken fan Sam Bird.
Nyck de Vries yn Londen © Orange Pictures
Sneon wie De Vries ek al twadde wurden yn Londen. Hy focht him doe werom fan it tsiende plak. No hie er in bettere kwalifikaasje, wêrtroch't er as fjirde fan start mocht. Al nei ien ronde pakte er it tredde plak ôf fan Alex Lynn, mei in knappe ynhelaksje yn in hierspjeldebocht.
De race waard gaoatysk nei in tal oanridingen en crashes, mar De Vries bleau koel. Doe't de nûmer twa, Stoffel Vandoorne, ek nochris oanriden waard troch Oliver Rowland, pakte De Vries sels it twadde plak.

As tredde oer de streek

Dat twadde plak rekke er in goed kertier foar de ein wer kwyt oan Lynn. Lucas di Grassi kaam as earste oer de streek, mar hy waard weromset nei it alfde plak. De Braziliaan moast in drive-through penalty dwaan om't er net hielendal ta stilstân kaam wie yn de pits. Dat die er net en dêrom krige er sels in swarte flagge.
Dêrtroch gong de winst nei Lynn, yn syn thúslân. Foar de Brit wie it syn earste oerwinning yn de Formule E. It twadde plak wie foar Nyck de Vries.

Noch twa races

Klassemintslieder Sam Bird helle de finish net en moast dêrom syn kopposysje ôfstean oan De Vries. Dy hat no 95 punten, seis mear as de Nederlanner Robin Frijns, dy't twadde stiet. Der binne noch twa races te gean: op 14 en 15 augustus yn Berlyn.

Top fan Formule E-klassemint

1. Nyck de Vries 95
2. Robin Frijns (Nederlân) 89
3. Sam Bird (Feriene Keninkryk) 81
4. Jake Dennis (Feriene Keninkryk) 80
5. António Félix da Costa (Portugal) 80