Wrâlderfgoedstatus Koloniën van Weldadigheid 'kin wol tiisdei wurde'

It kin wol tiisdei wurde, dat der in definityf beslút naam wurdt oer de wrâlderfgoedstatus fan de Koloniën van Weldadigheid. Dat soe snein al, mar in gearkomste dêroer rûn út.
Frederiksoard © Koloniën van Weldadigheid
De gearkomste giet moandei fierder, mar dan wurde earst de nominaasjes yn Azië behannele, sadat de minsken dêr de gearkomste oerdeis folgje kinne.
De koloanjes binne fan 1818 ôf stichte troch de Maatschappij van Weldadigheid. De bedoeling wie om earmen út it hiele lân oant goede boarges om te foarmjen, troch se wurkje te litten op it lân, wylst de bern in oplieding krigen.
Normaalwei soene de koloanjes moandei oan bar komme, mar neffens in meiwurker fan de gemeente Westerveld, dy't de nominaasje folget, is der "een gerede kans" dat it tiisdei wurdt. Middeis soe dêr mear dúdlik oer wurde moatte.
De measte parten fan de koloanjes lizze yn Drinte, mar der heart ek de Oostvierdeparten by Noardwâlde by, dat eartiids ûnder de koloanje Wilhelminaoord foel.
Yn Fredriksoard siet snein in hiele ploech minsken foar neat te wachtsjen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn Fredriksoard wie in ploech minsken om de gearkomste fan de Unesco te folgjen. "Echt elkenien wie derfan út gongen dat it hjoed behannele wurde soe", seit direkteur Minne Wiersma fan de Maatschappij van Weldadigheid.
"We ha noch kontakt hân mei it Belgyske ministearje, dy sitte hiel ticht op it kongres. Se seinen: Minne, wat der ek gebeurt, der komt in klap op. Dus oeral stienen de sjampanjeglêzen klear. Mar we ha der alle fertrouwen yn dat it noch goedkomt."
Direkteur Minne Wiersma fan de Maatschappij van Weldadigheid moat noch even geduld ha