Partoer Bergsma yn Arum te sterk foar Chris Wassenaar

25 jul 2021 - 16:23

It partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra hat sneintemiddei it haadklassekeatsen yn Arum wûn. Yn de finale tsjin it partoer fan Chris Wassenaar wienen se oppermachtich: 5-0 en 6-2.

Bergsma en dy hienen in knappe dei. Yn de earste omloop wûnen se sûnder al te folle problemen fan Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Laas Pieter van Straten (5-1 en 6-0).

Dêrnei wiene Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar de tsjinstanners yn de twadde omloop. Dat wie in werhelling fan de finale yn Minnertsgea fan ôfrûne woansdei. Doe wûn it partoer-Steenstra noch, mar snein yn Arum rûn it dêr net. Op 5-1 en 6-2 kearde Dylan Drent de bal foar de keats, wêrmei't it finaleplak foar Bergsma en dy binnen wie.

Kening Marten Bergsma yn Arum - Foto: Henk Bootsma

Dêryn troffen se Chris Wassenaar, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar. Wassenaar keatst noch hieltyd as ferfanger fan de blessearre Jelle Attema. Dat rint goed: yn Stiens hellen se al de finale en sneon yn Sint-Anne pakten se de lytse preemje.

It partoer fan Wassenaar wie yn de earste twa omlopen te sterk foar de partoeren fan André van Dellen en fan Haye Jan Nicolay.

Chris Wassenaar en Gabe-Jan van Popta, mei Erwin Zijlstra op de eftergrûn - Foto: Martin de Jong Fotografie

Yn de heale finale liken Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra in maatsje te grut. Sy pakten sneon yn Sint-Anne al de haadpriis en gongen no wer rjochting de finale. Mar nei in foarsprong fan 3-1 en 6-2 gong it dochs mis. Chris Wassenaar en dy kamen werom en wûnen mei 5-3 en 6-0.

Tsjin it trio-Bergsma koe Wassenaar net opnij stunte. Mei in sitbal makke Bergsma op 5-0 en 6-2 dien wurk.

Marten Bergsma, Hendrik Kootstra en Dylan Drent fiere de oerwinning, Chris Wassenaar moat it dwaan mei in nij twadde plak - Foto: Henk Bootsma

By de froulju, dy't ek yn Arum keatsten, gong de winst yn de frije formaasje dit seizoen foar it earst net nei it partoer fan Nynke Sijbrandij. Mei Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra ferlear se yn de finale fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia. Op 5-1 en 6-2 sloech Scheepstra de bal kwea.

De winners by de froulju: Margriet Bakker, Sjanet Wijnia en Ilse Tuinenga - Foto: Henk Bootsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)