Corona yn de roeiploech: tarieding Van der Bij en Clevering yn 'e war

25 jul 2021 - 15:46

De Nederlânske olympyske roeiploech, mei dêryn twa Friezen, wurdt fanwege trije coronagefallen foarearst hielendal ôfsûndere fan de dielnimmers út oare lannen en fan de frijwilligers yn Tokio.

De fjouwer-sûnder-stjoerfrou, mei Ymkje Clevering as tredde fan links - Foto: ANP

Yn de ploech sitte ûnder oare Ymkje Clevering fan Haulerwyk en Jan van der Bij fan Earnewâld. Sy roeie woansdeitemoarn om olympyske titels. Mar se meie net mear langer yn de ytromte wêze en ek gjin gebrûk meitsje fan de algemiene warming-upromte.

Tariede yn lyts tintsje

Omdat de roeiers de mienskiplike romtes by de roeibaan net mear brûke kinne, moatte se har no op wedstriden tariede yn in tintsje fan 4 by 4 meter, mei romte foar in pear fytsen en ergometers.

"We hebben van de internationale federatie het verzoek gekregen of wij eraan willen meewerken om het voor de vrijwilligers, de organisatie en met name de andere landen zo veilig mogelijk te maken", seit technysk direkteur Hessel Evertse. "Dat doen we natuurlijk."

Unwis oer de situaasje

Evertse seit ek dat de ympakt fan de maatregels grut is op de roeiers. De roeiploegen sitte al fan it begjin ôf oan yn miny-bubbels. De ploegen ha ûnderling al gjin kontakt. NOS-ferslachjouwer Ragnar Niemeijer heart ek fan de roeiers dat se hiel ûnwis binne oer de situaasje dêr't se no yn sitte.

Dat seit Evertse ek: "Er is een hoop onzekerheid, we moeten veel schakelen, maar de sporters bewaren rust en focus. En onze mensen werken snoeihard om dat voor die sporters mogelijk te maken."

Trije minsken fan roeiploech posityf

Earst teste in stêflid fan de roeiploech posityf op it coronafirus, letter ek roeier Finn Florijn en haadcoach Josy Verdonkschot fan de frouljusboaten.

"Wij doen er zelf al alles aan om niet besmet te raken en ervoor te zorgen dat we zo min mogelijk risico vormen voor anderen", seit Evertse.

Nei't Verdonkschot as tredde lid fan de roeiploech posityf teste, kaam it fersyk fan de mondiale organisaasje om safolle mooglik yn ôfsûndering te gean. De roeiers kinne ek net mear de bussen brûke dy't de sporters fan it olympysk doarp nei de roeibaan bringe. Se wurde no ferfierd yn taksys en lytse buskes.

Ymkje Clevering roeit woansdeitemoarn 2.50 oere (Nederlânske tiid) mei de fjouwer-sûnder-stjoerfrou yn de olympyske finale.

Dyselde moarn, om 3.10 oere, striidt Jan van der Bij mei de fjouwer-sûnder-stjoerman ek om goud.

(Advertinsje)
(Advertinsje)