129 nije coronabesmettingen yn Fryslân, ien nije sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 129 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der tsien minder as sneon, want doe gie it om 139 coronabesmettingen.
In testlokaasje foar it coronafirus yn Drylts © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 160 besmettingen meld. Dat trochsneed lei sneon op 175, in wike lyn op 242.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert mei 20. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 18. Ek yn Hearrenfean, Opsterlân, Smellingerlân en De Fryske Marren wienen mear as tsien besmettingen.

Ien nije sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der is wol ien Fries it sikehûs ynrekke mei corona, dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.
Lanlik binne der 4.665 nije coronagefallen registrearre. Gemiddeld kamen der yn de ôfrûne wike alle dagen 6.453 besmettingen by yn Nederlân.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.