Hûnderten liters molke op de dyk troch kantele frachtwein by Broeksterwâld

25 jul 2021 - 12:54

Op de Haadwei by Broeksterwâld is sneintemiddei in frachtwein mei molke omdondere. De sjauffeur rekke ferwûne by it ûngelok en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De molke streamde de dyk oer.

Foto: ProNews

De Haadwei is tydlik ôfsletten foar it ferkear. Wêrom't de frachtwein kantelje koe, is net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)