Noardeasten fan de provinsje makket de skea op nei in moarn fol reinwetter

Nei in nacht en moarn mei swiere buien en wetteroerlêst kin it noardeastlike part fan de provinsje de skea opmeitsje. De brânwacht is op in soad plakken yn aksje kaam om wetter fuort te pompen, bygelyks op fakânsjepark Bergummeer yn Sumar.
De brânwacht en bewenners fan Surhústerfean oer de skea en de wetterwille:
"It sintsje komt der wer wat troch yn De Westereen, it wetter is út de strjitten wei", konstatearret Jan Willem Zwart fan de brânwacht.
"Mar ik haw yn it Sikkemahuis west en de skea is dêr echt gigantysk. It hat der flink ûnder wetter stien, der hat sa'n 15-20 sintimeter oan wetter yn de wenten. Dus der wurdt op in oar plak ûnderdak socht foar de bewenners."
Ek campinggasten yn Sumar hiene lêst fan it wetter:
Yn oare parten fan de provinsje wie der net iens in soad rein, mar benammen yn it noarden gie it mâl. Yn Koatstertille is wol 143 milimeter registrearre troch in waarnimmer. "Kelders en tunnels stiene blank, it hat in flinke wolkbrek west. Der binne diken en wiken ôfset. Trochdat der guod omheech kaam, koe it gefaarlik wêze. Ek leanbedriuwen en de gemeente hawwe holpen mei jarretanks en pompen. Dat is hiel aardich slagge."
Ferslachjouwers Remco de Vries en Sven Keizer
Yn Surhústrfean stie ytkafee It Stee blank. Eigener Alex Koenen: "Der hat wol sa'n twa meter oan wetter yn de kelders stien. De bier- en biljertkelder binne folrûn. De kuolmotoaren en bierpompen binne allegearre stikken, der is no in monteur drok dwaande om it op te lossen. It tapyt, de biljerttafel, it is allegearre wiet."
Wat de krekte skea is moat noch bliken dwaan. It kafee is nettsjinsteande de skea wol iepen.
Jan Willem Zwart fan de brânwacht en waarman Piet Paulusma
Wetterskip Fryslân hat drok west mei de ôffier fan wetter: