Scooterrider oanholden nei efterfolging yn Ljouwert

Yn Ljouwert is sneontenacht in bestjoerder fan in scooter efterfolge troch de plysje. De bestjoerder hie in stopteken negearre. Fjouwer motorplysjes koene de man úteinlik yn de Egelantierstraat oanhâlde.
© Kappers Media
De bestjoerder fan de scooter glied ûnderút oan de Egelantierstraat, op 'e hichte fan de Schieringerweg. De fertochte is oanholden en meinommen nei it plysjeburo.