FIDEO: Tsjerketsjinst út It Anker yn Easterwâlde wei

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. Dizze snein kaam de tsjinst út It Anker yn Easterwâlde wei.
De tsjinst waard fersoarge troch dûmny Rudolf Toisuta. Oargelist is Jannie Oostingh. Fierder wie der sang en muzyk fan Sape Jonker, Anja Oosterhoff, Jannie Oostingh, Jan Leijstra en Jan Oostingh, en fan Dana Pessy, Benjamin Pessy en Simon Pessy.
Klik hjir foar de liturgy fan dizze tsjinst.