De frije koloanje Oostvierdeparten: tenei Wrâlderfgoed?

25 jul 2021 - 12:38

In oantal fan de eardere koloanjes fan de Maatschappij van Weldadigheid kin moandei UNESCO Wrâlderfgoed wurde. Der wiene ferskate koloanjes yn Nederlân en België. Yn it grinsgebiet fan Fryslân foarmen de Oost- en Westvierdeparten by Noardwâlde ea sa'n koloanje.

In Maatschappij van Weldadigheid-monumint by de Friesche Brug, Oost- en Westvierdeparten - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Nei de tiid fan de Frânske oerhearsking wie der in soad earmoede yn Nederlân. Generaal-majoar Johannes van den Bosch (1780-1844) woe dy earmoede tsjingean en minsken ferheffe út de ellinde.

Hy sammele jild yn en rjochtte yn 1818 de Maatschappij van Weldadigheid op. Mei stipe fan de oerheid waard in foar dy tiid unyk eksperiment opset.

Arbeid, edukaasje en dissiplinearring

Hoewol't de Maatschappij van Weldadigheid miskien it meast bekend is fan ûnfrije strafkoloanjes lykas Veenhuizen, gie it yn 't foarste plak om lânbou. Earmoede moast bestriden wurde mei arbeid, edukaasje en dissiplinearring.

Der waarden grutte oerflakten rûge grûn kocht op de grinzen fan Drinte, Fryslân en Oerisel. Van den Bosch liet der koloanjewenten op bouwe foar de earmelju.

It begjin yn 1821

Yn 1642 wie op de provinsjegrins in skipsleat groeven foar de turf. Grûneigeners stiene in fjirdepart fan harren perselen ôf, sa ûntstiene de 'Vierdeparten.' Yn de jierren om 1821 hinne keape de Maatschappij dizze grûn, yn 1821-1822 waarden de Vierdeparten ûntgind en ferkavele. De bou fan koloanjehúskes begûn op 5 april 1821.

Systeem fan koloanjepleatskes

De Vierdeparten foarmen in lint fan sa'n 10 kilometer, mei oan wjerskanten pleatskes. De Vierdeparten ferbûnen de koloanjes Willemsoord en Boschoord mei-inoar. De ynrjochting wie troch Van den Bosch sels betocht: kearsrjochte diken, mei húskes op regelmjittige ôfstân. Yn 'e midden leine kolonisten yn 1834 de Friesche Brug oan.

Kolonisten binne yn 1912 oan de Westvierdeparten oan it ierappeldollen - Foto: Dorpsarchief Noordwolde

Yn 't earstoan waarden Oost- en Westvierdeparten mei-inoar Koloanje 6 neamd. Yn 1825 folge in omnûmering: Oostvierdeparten waard mei in part fan Wilhelminaoord en Boschoord tenei Koloanje 2 (Wilhelminaoord). Westvierdeparten kaam by Willemsoord en hjitte tenei Koloanje 3 (Willemsoord).

Sa'n 600 kolonisten

Yn 1821-1822 waarden der mear as 100 kolonistehuzen en in tal wykmastershuzen boud. Der kamen mei de tiid ek oare gebouwen, lykas in tsjerke, skoalle en weverij. In echt sintrum wie der net. Der wennen tusken 1850 en 1860 yn de koloanjehuzen fan de Vierdeparten sa'n 600 kolonisten.

Isolearre

De koloanjes foarmen in sletten gehiel. De Vierdeparten leine op it grûngebiet fan Steggerda, Finkegea, Noardwâlde en Boyl, mar kolonisten hiene net folle kontakt mei de omlizzende doarpen.

Der waard in allegaartsje oan minsken nei de koloanjes stjoerd om in nij bestean op te bouwen. Faak gie it om earmlestige stedsbewenners. Sa kaam Cornelis van Nieuwenhoven (1774-1858) fan Leiden yn 1821 op 'Hoeve 49' terjochte, no Oostvierdeparten 25. Hy waard in foarfaar fan de lettere Twadde Keamerfoarsitter Jeltje van Nieuwenhoven.

Koloniste-eksperimint

By de Vierdeparten leine heidefjilden en ôfgroeven heechfean. Dy woeste grûn waard ûntgind en de grûn wer fruchtber makke. Dochs wiene de lytse lânboubedriuwkes net sa rindabel: de kolonisten hiene lang net altyd ûnderfining mei lânbou.

Omstannichheden

Ek net alle kolonisten woene perfoarst hurd wurkje en alkohol koe ek in rol spylje. It stjertesifer lei heech: de omstannichheden wiene net altyd hygiënysk en der kamen besmetlike sykten foar. Oan de oare kant krigen kolonisten wol oplieding en learden sy in fak.

It wie net de bedoeling dat bern fan kolonisten harsels ek wer yn de koloanjes fêstigje soene, mar genôch bern bleaune hingjen en bouden hutten op omlizzende grûn.

De frije koloanjes ûntwikkelen har stadichoan ta lânboudelsettingen. Oant 1910 waarden der noch minsken opnaam yn it ramt fan earmoedebestriding, dêrnei lei de Maatschappij him mear ta op eksploitaasje fan it besit.

Ferkeap yn de jierren 30

Yn de jierren 30 waarden de measte eigendommen yn de Vierdeparten ferkocht. Jild foar ûnderhâld wie der net mear. Mei de tiid binne in soad koloanjewenten ferboud, ferkocht of ôfbrutsen.

Skamte

Foar in soad minsken hiene de frije kolonisten in like minne namme as de ûnfrijen fan de strafkoloanjes of de bidlersgestichten. Weststellingwerf woe de koloanje it leafst ferjitte. Sa waard de 'Kolonieweg' yn Steggerda yn 1938 omdoopt ta de 'Leemweg'.

Hjoed-de-dei sjogge de oerheden net mear wei fan de eardere koloanjes. Yn 2016 is der as oantinken in monumint by de Friesche Brug delset. En yn 2017 hawwe Weststellingwerf, Steenwijkerland en Westerveld it koloanjelânskip nominearre as Wrâlderfgoed.

Buffersône

Yn de nominaasje lizze de Vierdeparten yn de 'buffersône', oan it fuottenein fan it cultural landscape.

Yn juny hat advysorgaan ICOMOS in posityf advys jûn oer erkenning as Wrâlderfgoed. It giet dan allinne om Frederiksoord, Wilhelminaoord-Oostvierdeparten, Veenhuizen en Wortel.

Westvierdeparten gjin UNESCO-gebiet

Dat mar in part nominearre is, hat te krijen mei lettere oanpassingen yn de frije koloanjes. Fanwege dy soargen is it dossier oanpast: in part fan de koloanjes heart wol by it gehiel, mar net by de echte wrâlderfgoednominaasje.

Foar Merksplas, Ommerschans en Willemsoord (mei dus ek Westvierdeparten) jildt dat sy tefolle oantaast binne.

Hoewol't dus net beide Vierdeparten Wrâlderfgoed wurde, is ek net alle âlde bebouwing ferdwûn. Oan de Oostvierdeparten steane noch sa'n 15 'hoeven' fan eartiids en it karakteristike lânskip is noch hielyd werom te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)