WEROMBLIK: Fryske olympiërs op de simmerspelen, diel 1

Omrop Fryslân folget al jierren de Fryske dielnimmers oan de Olympyske Spelen. Foar dizze weromblik dolden wy yn it telefyzje-argyf nei de Fryske ynbring op de simmerspelen fan 1996, 2000 en 2004. Nije wike diel twa, mei in weromblik op de simmerspelen fan 2008, 2012 en 2016.
Gouden medalje foar it follybal yn 1996 © Omrop Fryslân

1996 Atlanta

De gouden medalje foar it Nederlânske follybalteam op de simmerspelen fan 1996 wie ek in Frysk sukses. Der wiene trije gouden medaljewinners: Olof van der Meulen, Jan Posthuma en Richard Schuil komme út Fryslân, en coach Joop Alberda is in Fries-om-utens.
Yn in spannende fiifsetter slaggen de mannen der yn om de favorite Italianen te ferslaan. Omrop Fryslân registrearre de finale yn it stamkafee fan de follyballers, De Draai yn Snits. In dei letter wie der in kameraploech op Schiphol, dêr't famylje en fans de kampioenen opwachten.
Sjoch nei de reportaazjes oer de follybalfinale en de thúskomst fan de Fryske follyballers yn 1996:

In haadrol foar Snits

Oan de Olympyske Spelen fan 1996 diene in opfallend soad Snitsers mei: sân ynwenners en twa âld-ynwenners kamen yn aksje yn Atlanta. It binne de follyballers Jan Posthuma, Olof van der Meulen en Erna Brinkman, de silers Frank Hettinga, Willem Nico en Gerhard Potma, roeister Jissy de Wolf en de bruorren Kouwenhoven, dy't oarspronklik út Twellingea komme.
By weromkomst wie der in huldiging foar harren yn Snits. Benammen de follyballers en harren coach-om-utens stiene yn de spotlight.
Sjoch nei de reportaazjes oer de Snitser Olympia-gongers en harren huldiging yn 1996:

Oar Frysk sukses yn 1996

In oare olympyske kampioen yn Atlanta wie it springhynder Jus de Pomme, út de stâl fan Wiepke van de Lageweg fan Bears. De Dútse ruter Ulrich Kirchhoff wûn mei de hynst twa gouden medaljes by it yndividueel springen en yn de wedstriid springen foar lannen. Noch gjin 14 dagen letter ferstoar Jus de Pomme lykwols oan in kolykoanfal.
Ek by de Paralympyske Spelen yn Atlanta wie der in Frysk sukses: Jappie Walstra fan De Tynje wûn sulver by it hânbôgesjitten.
Sjoch nei de feestlike ûntfangst fan medaljewinner Jappie Walstra op De Tynje yn 1996:

2000 Sydney

Der wiene gjin Fryske prestaasjes by de Olympyske Spelen fan 2000 yn it Australyske Sydney. Yn de follybalseleksje sieten trije wol Friezen: de bruorren Erik en Richard Schuil en Joost Kooistra. Nei ferlies tsjin Joegoslavië yn de kwartfinale yn fiif sets waard Nederlân úteinlik fyfde.
Foar de Spelen die folsleine olympyske seleksje fan it frouljusfytsen yn 2000 mei oan de Profronde fan Surhústerfean.
Hurdfytster Leontien van Moorsel beskôge it as in goede training foar Sydney en dat die fertuten: Van Moorsel wûn by de Olympyske Spelen yn 2000 trije kear in gouden medalje en ien kear sulver op ferskate hurdfytsûnderdielen.
Sjoch nei de dielname fan Leontien van Moorsel oan de Profronde fan Surhústerfean yn 2000:

2004 Atene

Trije Fryske sporters diene mei oan de simmerspelen fan 2004 yn it Grykske Atene. Foar sylster Petronella de Jong en follyballers Richard en Erik Schuil wie der lykwols gjin sukses. De Jong slagge der mei in fjirde plak net yn in medalje te heljen yn de Ynglingklasse fan it silen en it Nederlânske follybalteam kaam net oan de kwartfinalen ta.
Wol wie der brûns foar swimster Inge Dekker fan It Hearrenfean. Sy waard mei de frouljusestafetteploech tredde by de 4x 100 meter frije slach yn in tiid fan 3.37.59, in nij Nederlânsk rekôr.
Swimster Inge Dekker yn 2004 © Omrop Fryslân

Fryske officials

It olympysk doarp yn Atene bestie út sawat 30.000 ynwenners: sporters, minsken fan de parse en de saneamde bobo's. Yn dy lêste groep fan officials en sjueryleden waard Fryslân yn 2004 ek fertsjintwurdige: troch umpiremanager by it hockey Yolande Brada en Josje Hofland, judge by it silen.
Ek Kornelis Bijlsma út Bûtenpost wie yn funksje yn Atene. Hy is dan coach, fysioterapeut en teammanager fan de út twa froulju besteande olympyske triatlonploech.
Sjoch nei de reportaazjes oer de Fryske officials en de Fryske coach by de Olympyske Spelen yn 2004:
Mear olympyske sporters yn it ferline op Weromrop:
1991 Fryslân is te lyts: follyballer Jan Posthuma
1996 It Ljocht Op Potma-Hettinga-Potma
1996 It Ljocht Op Jappie Walstra
2004 De Leeuwarder Courant, tydlik moarnskrante fanwege de Spelen
2004 Medaljewinners Leontien van Moorsel en Anky van Grunsven by de 25ste edysje fan it Concours Hippique yn Droegeham
Sjoch ek:
2018 Fiel de nacht mei Jan Posthuma