Koade giel foar wetteroerlêst: meardere evakuaasjes, brânwacht komt om yn de meldingen

25 jul 2021 - 09:41

De brânwacht krijt sneintemoarn in soad meldingen fan wetteroerlêst yn Fryslân. Benammen yn it noardeastlike part fan de provinsje kamen in soad strjitten blank te stean. It KNMI hat koade giel ôfjûn fanwegen de tongerbuien.

Yn it noardeasten wie in soad oerlêst troch it wetter:

Der binne ûnder oare meldingen út Sumar, Kollumersweach, Koatstertille, De Harkema, De Westereen, Damwâld, Surhústerfean en Bûtenpost binnenkaam.

"Wy binne yn de Wâlden opskrikt troch in hiel soad wetter. It wie echt in wolkbrek mei in hiel soad wetter," seit Jan Willem Zwart fan de Fryske brânwacht. "Strjitten stiene blank en der kamen stadichoan mear meldingen binnen. Bygelyks fan kelders dy't ûnder wetter stiene."

Evakuaasjes fersoargingstehuzen

Der kamen ek meardere meldingen fan fersoargingstehuzen binnen. Op guon plakken binne bewenners evakuerre. By it Suyderhuys yn Surhústerfean en it Sikkemahuis yn De Westereen is grutte wetteroerlêst.

Jan Willem Zwart fan de brânwacht

Zwart: "Yn Surhústerfean wie it plafond sa wiet dat it nei ûnderen foel. Dêr binne de bewenners evakuearre nei in drûger plak. Ek yn De Westereen stie in benedenferdjipping folslein blank. Dy âlderein is ek nei in oar plak brocht. It hat in soad gefolgen foar dizze kwetsbere, âldere minsken."

Yn Koatstertille hat de brânwacht de kelder fan fersoargingshûs De Koaster leechpompt.

RTV NOF wie by it Sikkemahuis yn De Westereen:

De brânwacht warskôget it ferkear, om't net altyd dúdlik te sjen is wat der ûnder it wetter leit. "Guon putdeksels binne bygelyks omheech kaam."

Wetter yn Surhústerfean - Foto: Raymon Roersma / ProNews

Zwart leit ek út dat de brânwachten net oeral helpe. "Wy kinne in kelder leechpompe, mar wy kinne net oeral tagelyk wêze. Dêrmei meitsje wy dêr bewust in kar yn. Wy kinne op dit stuit net oeral hinne, wy binne der foar needsituaasjes. De brânwachten fan Bûtenpost, Surhústerfean, Droegeham en De Westereen ride fan it iene ynsidint nei it oare."

Koade giel

Yn it noarden fan it lân is yn de nacht fan sneon op snein in soad rein fallen. Yn Burgum foel de bygelyks 69 milimeter wetter. Gewoanwei falt der yn de hiele moanne july mar sa'n 87 milimeter.

Yn Fryslân jildt snein koade giel fanwege de tongerbuien, lokaal kin der in soad rein yn koarte tiid falle. Healwei de moarn ferlitte de buien de provinsje, mar yn de middei folgje der opnij tongerbuien.

Piet Paulusma: "It is hiel ekstreem"

"It is hiel ekstreem mei de rein," seit waarman Piet Paulusma. "De delslachsifers ferskille fan plak ta plak, mar De Westereen hat 104,7 milimeter meld. Dat is in nij rekôr dêr."

(Advertinsje)
(Advertinsje)