Roeier Jan van der Bij mei fjouwer-sûnder fia twadde kâns nei olympyske finale

25 jul 2021 - 06:56

Roeier Jan van der Bij fan Earnewâld hat him mei de fjouwer-sûnder pleatst foar de finale op de Olympyske Spelen yn Tokio. Mei Boudewijn Roëll, Sander de Graaf en Nelson Ritsema waard er twadde yn de 'herkansingen'.

Foto: Orange Pictures

Op sneon stelde de fjouwer-sûnder noch teloar yn de heats mei in tredde plak. Mar no waard de Nederlânske boat knap twadde efter Roemenië, dat wrâldkampioen waard yn 2019.

De regearjend wrâldkampioen, Poalen, waard tredde yn de twadde kâns en giet dêrtroch net nei de A-finale.

De finale mei Van der Bij is woansdei om 03.10 oere Nederlânske tiid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)