Marit Bouwmeester iennige Fryske olympiër op moandei

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is de iennige Fryske olympiër dy't moandei yn aksje komt. En se kin oan de bak: nei de minne start yn de Laser Radial-klasse stiet de regearjend olympysk kampioene achttjinde.
Marit Bouwmeester © ANP
Bouwmeester is har jacht op in nije gouden medalje min begûn. Yn de earste race fan snein waard se 21e, yn de twadde race 14e.
"Dit wie net myn bêste dei", sei Bouwmeester. "It leit allegearre ticht op inoar, it is 'close-racing'. Mar ik ha twa kostbere flaters makke en dat hat in soad punten koste."

Omstannichheden

Bouwmeester konkludearre dat se net goed genôch omgie mei de omstannichheden. "Fan 'e moarn by de earste race stie der net in soad wyn en doe wie ik te ûngeduldich. Yn de twadde race woe ik dat better dwaan, mar doe stie der in soad wyn en wie ik te geduldich. Ik hie der mear fan meitsje kinnen."
De Friezinne ferwachtet wol dat der troch de wikseljende omstannichheden ek oaren yn de problemen komme sille, mar se woe benammen nei harsels sjen. "Ik kin better sels legere punten farre. Dêr sil ik de kommende dagen alles oan dwaan. It is noch lang net foarby."

Oansluting

De 33-jierrige Bouwmeester, op de Spelen fan 2012 fan Londen al goed foar sulver, ferlear nei de start fan de earste race al gau de oansluting mei de fluchste boaten. Yn it wetter by it eilân Enoshima koe se har efterstân net mear goedmeitsje en kaam se net fierder as it 21e plak.
Yn de twadde race, dy't efkes útsteld waard fanwege te min wyn, waard se wol wat better. Bouwmeester begûn lykwols wer net goed, mar mei in opmars kaam se noch oant it fjirtjinde plak.

Race 3 en 4

De silers stride yn totaal yn tsien reguliere races, twa op ien dei. It minste resultaat yn de tsien races meie se skrasse. Nei de tsien races folget noch de medal race, wêryn't de punten dûbeld telle.
Moandei steane race 3 en 4 yn de Laser Radial-klasse op it programma. De dei begjint wat letter as oarspronlik pland: race 3 set om 7.35 oere útein. Krekt wat letter op de moarn is race 4.

Oare sport op moandei

Wolle jo oare sport sjen? Dan kinne jo bygelyks ynskeakelje foar de folgjende wedstriden: