Reserve Marrit Steenbergen mei estafetteploech wer fjirde op Olympyske Spelen

25 jul 2021 - 05:32

Swimster Marrit Steenbergen hat op de Olympyske Spelen fan Tokio gjin medalje wûn mei de estafetteploech op de 4x100 meter frije slach. Kim Busch, Ranomi Kromowidjojo, Kira Toussaint en Femke Heemskerk einigen yn de finale as fjirde mei 3.33,70. Steenbergen wie yn de finale reserve.

Foto: Orange Pictures

By de Spelen fan Rio 2016 einige Steenbergen mei de estafetteploech ek al op it fjirde plak. Doe kaam de Friezinne wol yn aksje yn de finale. Kromowidjojo en Heemskerk pakten mei de estafetteploech earder olympysk goud (Peking 2008) en sulver (Londen 2012) op de 4x100 frij.

Marrit Steenbergen

Yn de searjes, wêryn't Nederlân twadde waard, stie Steenbergen wol oan de start. Mei 54,32 oer har 100 meter wie se doe flugger as Busch. Ek yn de finale op snein kaam Busch net oan dy tiid. De ferfangster fan Steenbergen, Toussaint, wie mei 54,14 yn de finale wol rapper.

Australië ferovere yn Tokio it goud yn in wrâldrekôr: 3.29,69. It sulver gie nei Kanada en it brûns nei de Feriene Steaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)