Ferlizzer fan grinzen en in foarbyld foar de mienskip: Epke Zonderland hâldt der nei 20 jier mei op

In foarbyld foar de topsport én de maatskippij, ferlizzer fan grinzen, in turner dy't alles hat: broer Herre Zonderland en turncoach Tjalling van den Berg komme hast kompliminten tekoart om de karriêre fan de Lemster turner te omskriuwen.
© ANP
"Mear siet der net yn. Hy hat it maksimale derút helle," ferwiist broer Herre Zonderland nei de allerlêste oefening fan Epke Zonderland. Sneon kaam der in ein oan in lange en foaral hiel suksesfolle karriêre. "En dan is it ek it momint om werom te sjen." Dat der nochal wat is om op werom te sjen, wit ek Herre: "Tweintich jier hast, potferdikke! Hy hat wol wat delsetten."
Herre Zonderland
'De Liuw fan De Lemmer' kaam as jonkje binnen by turncoach Tjalling van den Berg binnen, mei syn twa bruorren. "Johan wie wat oan de slappe kant, Herre doarde net safolle en Epke waard faak nei foaren skood as der wat nijs barre moast", sa seit Van den Berg. "Epke doarde eins alles. Hy hy fysiek en mentaal alles, hy die dingen dy't net foar mooglik holden waarden."
Hy hie fysyk en mentaal alles, hy die dingen dy't net foar mooglik holden waarden.
Tjalling van den Berg
Ien fan de earste grutte súksessen foar Epke wie syn nominaasje foar de Olympyske Spelen fan 2008. "Ik hie stikem hieltyd meirekkene, ik wist hiel gau dat er him pleatst hie", seit Herre Zonderland. "Dat wie foar it earst sûnt tachtich jier."
Dêrmei slagge in projekt dêr't de famylje al tiden mei dwaande wie. "Wy woene nei de Olympyske Spelen, en op in geven momint hiene wy troch dat Epke dat helje koe", sa fertelt Herre.
Yn de jierren dernei kaam súkses nei súkses. It hichtepunt foar Van den Berg wie it goud op de Olympyske Spelen yn Londen. "Dêr liet hy trije flechteleminten efter inoar sjen. Dat koe dêrfoar eins net. Mar dêrfoar haw ik ek al safolle flow-mominten by him sjoen. As jonkje al."
De famylje Zonderland hie jierren nei dat gouden momint ta wurke, seit Herre. "It wie it momint dat it barre moast, en it lukte."
De gouden plak yn Londen makke troch it hiele lân fan alles los. "Het mooiste kippenvelmoment uit mijn leven", sa seit in harker fan Omrop Fryslân Radio. En: "Dêr kinne de Friezen bearegrutsk op wêze."
Tjalling van den Berg
De prizekast fan 'The Flying Dutchman' is troch de jierren goed opfolle: trije kear wie er de bêste op in WK, hy helle trije kear goud op de Europeeske kampioenskippen, der kaam hiele rige gouden plakken op de wrâldbekerwedstriden en de Nederlânske kampioenskippen. Om oer de sulveren en brûnzen medaljes noch mar net te sprekken.
It levere him ek nochris in lintsje op. Yn 2012 waard er eareboarger fan It Hearrenfean. En yn 2009, 2011, 2012 en 2013 waard er útroppen ta Nederlânsk sportman fan it jier.
Nei jierren fan súkses hie de Lemster if ôfrûne tiid swier. "De darmproblemen yn febrewaris hawwe him in soad fermogen koste, dêrnei de holten", fertelt Van den Berg. "Hy hat eins noait in fatsoenlike oefening draaie kinnen, lit stean de fysike krêfttrainingen."

Klacht of krêft

Neffens de coach is Zonderland dan ek in foarbyld foar oare topsporters. "Eins wie dit, op dit stuit mei dat fermogen op heale krêft, in foarbyld fan hoe't in sporter mei tsjinslaggen omgean kin. Dat is in les foar eltsenien. Fan de klacht in krêft meitsje."
Net allinnich fysyk, ek mentaal is Zonderland in unike turner, fynt de turncoach. "Epke is in ambassadeur foar de sport. In ikoan. As persoanlikheid hat er geweldige eigenskippen. Net allinne it lef, mar ek it normale, it autentike. Noait arrogant, mentaal ûnferwoastber."
"Hij staat!", de gouden plak op de Olympyske Spelen yn 2012 makke in soad los © ANP
Hy hat gewoan grinzen ferlein.
Herre Zonderland
"Hy hie de trije O's", ferfolget Van den Berg. "'Onvoorwaardelijk' earne foar gean, 'onderscheidend' as altyd dwaan wat net ien die, en 'out of comfort' as yn altyd grinzen opsykje. It is in foarbyld foar de topsport én de maatskippij."

Grinzen ferlizze

Hoewol't syn turnkarriêre no dus oer is, sil er net gau fergetten wurde. Neffens Herre hat syn broer de turnsport foar altyd feroare. "Wat er yn Londen dien hat, hy hat dêr gewoan grinzen ferlein. De turnsport plôket dêr noch altyd de fruchten fan. Je sjogge no mear turners dy't it dogge sa as hy."
No is echt it momint kaam om werom te sjen en te genietsjen.
Herre Zonderland
Van den Berg tinkt dat Zonderland, dy't in medyske oplieding folge hat, ek nei syn turnkarriêre moaie dingen sjen litte sil. "Ik sjoch yn him aanst ek in sportdokter dy't net allinne klachten behannelet, mar dy't ek yn de minske dûkt."
Mar earst sil Epke wat oars oan de holle ha, tinkt Herre: "Hy is as topsporter altyd dwaande west mei it folgjende doel, it folgjende evenemint. No is echt it momint kaam om werom te sjen en te genietsjen. En te beseffen wat er dien hat."