Jan Teade Nauta is de sterkste fierljepper yn Drylts

24 jul 2021 - 21:46

Jan Teade Nauta hat sneontejûn de earste klasse-wedstriid yn Drylts wûn. Yn eigen stêd sprong er 19,91 meter by de sânde fierljepwedstriid fan it seizoen.

De kampioenen fan Drylts:

Topklassers ûnder de maat

Opfallend wie it grutte tal wietsprongen yn Drylts. Fan de 34 sprongen by de senioaren giene leafst 19 te wetter. Der koe net ien 20 meter-sprong notearre wurde. Jan Teade Nauta pakte yn de lêste finalesprong syn twadde deititel mei 19.91 meter.

Sytse Bokma helle mei 19,45 meter de twadde ôfstân. Oergongsklasser Bauke de Jong (18,84) waard knap tredde, foar Nard Brandsma, dy't ferline wike yn Burgum noch wûn,

Jan Teade Nauta is de sterkste fierljepper yn Drylts:

Westert is froulju de baas

By de froulju wie de winst foar Snitser Maureen Poiesz, sy helle 14,44 meter. Mei 14,13 meter waard Pytrix Westra krekt twadde. Nûmer trije Femke Rispens sprong 14,10 meter.

Hanneke Westert soarge lykwols foar de fierste sprong fan de jûn. Westert (15) ljepte by de famkes nei 14,77 meter en wie dêrmei fierder as alle froulju. Inger Haanstra (14,03) en Lisse van der Knaap (13,36) waarden twadde en tredde.

Hanneke Westert ljepte as fierste frou yn Drylts:

Junioaren

Minne Smit pakte de winst by de junioaren. Syn 18,33 meter wie krekt genôch om Rutger Haanstra (18.22) te ferslaan. It tredde plak wie foar Wytse Steensma (17,30).

Veenstra ferslein

Douwe Abma die it it bêst by de jonges: hy sprong 16,84 meter. Dêrmei kaam in ein oan de searje oerwinningen fan Arend Veenstra út Surhuzum. Dy wûn oant sneon ta alle wedstriden, mar waard dizze kear sechde (13,03)

It iennige persoanlike rekôr fan de jûn wie foar Auke Jan Jilderda, dy't mei 16,39 meter twadde waard by de jonges. Michiel Zijlstra (15,35) pakte it brûns.

Foto: Martin de Jong
(Advertinsje)
(Advertinsje)