OERSJOCH: Hoe let moat de wekker om de Fryske olympiërs te sjen?

24 jul 2021 - 22:00

Marrit Steenbergen, Marit Bouwmeester en Jan van der Bij: sy binne snein de Fryske izers yn it fjoer by de Olympyske Spelen. Wy hawwe foar jo útsocht wannear't jo de wekker sette moatte as jo de Friezen yn aksje sjen wolle.

Foto: Omrop Fryslân

Marrit Steenbergen yn de finale 4x100 meter estafette

Medaljekânsen foar de Nederlânske swimmers op de 4x100 meter estafette. De ploech, mei Friezinne Marrit Steenbergen, stiet om 4:45 oere yn de finale. Yn de heats swom Steenbergen tegearre mei Kim Busch, Ranomi Kromowidjojo en Femke Heemskerk nei 3.33,51. Allinnich Australië sette yn de heats in rappere tiid del (3.31,73). As Nederlân syn nivo hellet, sit der miskien wol in medalje yn.

By it lêste WK, yn 2019, waard de ploech fjirde. Yn maaie fan dit jier waard Nederlân op it EK twadde efter Grut-Brittannië. Njonken Nederlân steane Denemarken, de Feriene Steaten, Kanada, Australië, Grut-Brittannië, Sina en Sweden yn de finale.

Foto: Omrop Fryslân

Olympyske Spelen sette útein foar Bouwmeester

As it waar meisit, begjinne de Olympyske Spelen foar Marit Bouwmeester snein om 5:05 oere Nederlânske tiid. Om 8:45 komt se foar de twadde kear yn aksje. De Olympysk Kampioen fan 2016 liket ek by dizze Spelen de favoryt. Yn 2020 waard se Europeesk en Wrâldkampioen yn de Laser Radial Klasse. Fan snein oant en mei freed wurde der eltse dei twa races syld, útsein rêstdei woansdei. Op 1 augustus is de medalrace.

De grutste konkurrinten fan Bouwmeester lykje de Belgyske Emma Plasschaert, de Brit Alisson Young, de Ier Annalise Murphy, de Sweedske Josefin Olsson en Anne-Marie Rindom út Denemarken.

Foto: Omrop Fryslân

Twadde kâns foar Van der Bij-en-dy

De fjouwer sûnder stjoerman mei Jan van der Bij slaggen der sneon net yn om harren streekrjocht te pleatsen foar de finale. Om 6:10 oere Nederlânske tiid sille se besykje om dochs in plakje yn de finale te krijen. Dêrfoar moat de Nederlânske boat as earste of as twadde oer de einstreek komme. Tsjinstanners binne Kanada, Roemenië, Poalen, Switserlân en Súd-Afrika.

Oare sport op snein

Wolle jo oare sport sjen? Dan kinne jo bygelyks ynskeakelje foar de folgjende wedstriden:

  • 2:00 oere: de hânbalfroulju tsjin Japan
  • 4:33 oere: de heale finales by de 100 meter skoalslach by de mannen mei Arno Kamminga
  • 6:00 oere: de frouljuskoers op 'e dyk mei Anna van der Breggen, Annemiek van Vleuten, Demi Vollering en Marianne Vos
  • 8.10 oere: de kwalifikaasjes by it frouljusturnjen mei Sanne en Lieke Wevers, Eythora Thorsdottir en Vera van Pol
  • 14.15 oere: Hockey by de manlju: Nederlân - Súd-Afrika
(Advertinsje)
(Advertinsje)