Skylge grypt yn: ferplicht teste foar besyk oan jongereincampings

24 jul 2021 - 19:58

Jongerein dy't op fakânsje wolle nei in camping op Skylge, moatte dan earst negatyf teste. Dat hat de gemeente besletten nei tal fan coronabesmettings op de campings op it eilân.

Jongereincamping Appelhof op Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Lennard Geerts

Op de twa jongereincampings op it eilân waarden ôfrûne tiid meardere coronabesmettings fêststeld. It is net dúdlik oft sy dy besmettings op it eilân opdien ha, of thús al. Om mear besmettings te foarkommen hat de gemeente no, op advys fan GGD Fryslân, yngrepen.

De coronatestlokaasje op Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Lennard Geerts

Gasten dy't it campingterrein op wolle moatte bewize dat se faksinearre binne of negatyf test ha. De gemeente freget jongerein mei klam om har thús al teste te litten fia Testen voor Toegang.

De gemeente fersiket besikers fan de campings ek harren tuskentiids teste te litten. "Door te testen tijdens het verblijf kunnen nieuwe gevallen zo snel mogelijk worden opgespoord en in isolatie geplaatst worden, en de contacten in quarantaine", sa skriuwt de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)