Makkum rekkenet yn finale NK Famkes ôf mei Warkum

24 jul 2021 - 18:34

De keatssters fan Makkum ha sneontemiddei it NK Famkes wûn. Tirza Smink, Larissa Smink en Lieke van Loon wiene yn de finale mei 5-1/6-0 te sterk foar Warkum.

Foto: KNKB

Warkum, mei Nynke Kuipers en Gerde Lycklama à Nijeholt, rekkenen yn harren heale finale maklik ôf mei Folsgeare: 5-0/6-0. Makkum hie it in stik lestiger, mar wûn mei 5-4/6-0 fan Goaiïngea. It partoer rekke earder ek al Ilse Zwaagstra kwyt. Sy waard ferfongen troch Tirza Smink.

Yn de finale wie it faaks ienrjochtingsferkear: Warkum pakte yn it begjin fan de partij noch wol in buordsje, mar de Makkumers rûnen al gau út nei 5-1 en makken op 6-0 dien wurk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)