Trije coronabesmettingen by Sportklup Cambuur

24 jul 2021 - 17:39

Twa spilers en in lid fan de technyske stêf fan Sportklup Cambuur hawwe posityf test op it coronafirus. De klup makket net bekend om wa't it giet.

Foto: Orange Pictures

De besmette persoanen binne gelyk yn karantêne pleatst. Se wienen se der by de oefenwedstriid tsjin PEC Zwolle al net by.

"De personen in kwestie zijn direct in quarantaine gegaan en ze worden vanzelfsprekend voorlopig buiten alle teamactiviteiten gehouden", sa skriuwt Cambuur. "Samen met de GGD wordt bekeken wanneer ze weer op een verantwoorde manier in kunnen stromen."

Trefwurden: 
SC Cambuur coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)