Partoer Van der Bos wint yn Sint-Anne, Bruinsma sterkste yn Balk

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra ha sneontemiddei it haadklassekeatsen yn Sint Anne wûn. Yn de finale wiene se mei 5-3/6-4 te sterk foar Haye Jan Nicolay-en-dy.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Van der Bos en dy hiene in lestich programma: se skeakelen de partoeren fan Marten Bergsma en Tjisse Steenstra út. Yn de heale finale troffen se Chris Wassenaar, dy't ynfoel foar Jelle Attema. De fedette gie der mei 5-3/6-2 ôf.
De 'oranje brigade' begûn sterk oan de finale en kaam al gau op 4-1 foar tsjin Nicolay en syn maten Jelte Visser en Evert Pieter Tolsma. Sy kamen wol wer werom nei 4-3, mar Van Der Bos-en-dy makken op 5-3/6-4 dochs dien wurk.
De tredde priis wie foar fedette Chris Wassenaar en syn maten Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar. Erwin Zijlstra waard útroppen ta kening.
Gert-Anne van der Bos en Evert Pieter Tolsma
Yn Balk keatsten de haadklasse froulju in troch elkoar lotsjen partij. De winst wie foar Anna-Brecht Bruinsma, Louise Krol en Martzen Deinum. Yn de finale wiene sy mei 5-3/6-2 te sterk foar Tineke Dijkstra, Mintje Meintema en Marrit Zeinstra.