Epke Zonderland beëiniget karriêre: "It is goed sa"

24 jul 2021 - 17:08

Turner Epke Zonderland hat de knoop trochhakt: hy beëiniget syn karriêre. Nei syn mislearre kwalifikaasje yn Tokio sneontemiddei hold er de doar noch efkes iepen, mar no hat er dochs besletten te stopjen.

Foto: ANP

"It is goed sa", sei Zonderland foar de kamera's fan de NOS. "Ik wit net oft it moaier wurde sil as dit, ik tink it net." Yn de oanrin nei de Olympyske Spelen hie der al in tal kear sein dat dat nei alle gedachten syn lêste toernoai wêze soe.

Hoewol't er net in minne oefening delsette, wie it net genôch foar in plek yn de finale. Hy krige in skoare fan 13.833. De skoare foar de dregens wie 6.300 en de skoare foar de útfiering 7.533. Der waarden flink wat punten ôflutsen, ûnder oare troch in minne ôfsprong.

Oeral wûn

Zonderland, spesjalist op de rekstok, helle yn syn karriêre tal fan medaljes op grutte toernoaien. Yn 2012 pakte er goud op de Olympyske Spelen, yn 2013, 2014 en 2018 wûn er op it WK en ek op de Europeeske en Nederlânske kampioenskippen wûn er geregeld.

Fuort nei de kwalifikaasje tocht de turner fan De Lemmer noch efkes om dochs troch te gean. "Fuort nei myn oefening wie it gefoel der noch wol, tocht ik: hie ik noch mar wat langer hân", sa seit Zonderland.

"Mar op dit stuit bin ik hiel tefreden oer wat ik hjoed dien ha. Ik bin bliid dat ik op dizze wize in moai ein oan my karriêre makke ha."

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)