Dosinten Beyers Naudé jouwe les op Saailân tsjin útsetting learling

Op it Wilhelminaplein yn Ljouwert is fan 'e middei aksje fierd tsjin de útsetting fan de 15-jierrige Yaroslava Tymts en har famylje. Yaroslava sit op it kristlik gymnasium Beyers Naudé en de aksje wurdt ek organisearre troch dy skoalle.
Dosinten protestearje tsjin útsetting fan Yaroslava:
Yaroslava en har famylje binne útprosedearre en moatte werom nei Oekraïne, nei De Krim. De juridyske proseduere rint noch wol, mar der is gjin garânsje dat se dat yn Nederlân ôfwachtsje meie. Se kinne elts momint útsetten wurde.
De skoalle fynt dat se yn Nederlân hearre. De dosinten keazen dêrom foar in aksjefoarm dy't past by it ûnderwiis; der waard in skoallokaal neimakke op it plein mei tafels, stuollen, spandoeken in byld fan in grutte romein; symboal foar it Beyers Naudé.

"Ontzettend dankbaar"

De dosinten joegen dêr koarte lessen. Neist de dosinten spruts ek rektor Dirk-Jan Dekker, in klasgenoatsje en Yaroslava sels. Se wie sichtber oandien troch it hiele barren: "Ik ben de school, mijn medeleerlingen en alle naasten ontzettend dankbaar voor alle steun en hulp. Het is echt heel fijn om juist in deze tijden gesteund te worden." Wylst de minsken tasprutsen waarden, gong in part fan de 20 leararen rûn mei flyers om hântekens binnen te heljen.
Ferslachjouwer Remco de Vries foarôfgeand oan de aksje op It Saailân
De aksje sneontemidje op it Wilhelminaplein yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Wolter Kleine, dosint Ingelsk: "We werden er enorm door verrast dat Yaroslava en haar familie het land moeten verlaten. Daarom werd er meteen actie ondernomen om op het Zaailand te protesteren. Centraal staat Yaroslava, wij willen haar niet kwijt. Ze is een fantastische leerling. Ze staat altijd klaar voor anderen en nu zou ze na zo'n zeven jaar met haar broertje weer terug moeten naar Oekraïne. Of het daar nu veilig is of niet, daar gaat het ons niet om. Ze hoort hier."
Yaroslava Tymts (links) en rektor Dirk-Jan Dekker © Omrop Fryslân, Remco de Vries