RIVM: 139 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 139 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 13 mear as freed, want doe gie it om 126 coronabesmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 175 besmettingen meld.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân mei beide 22. Dêrnei folget Waadhoeke mei 14 besmettings.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, Der binne ek gjin nije sikehûsopnamen as gefolch fan it coronafirus.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne der 5.323 nije coronagefallen registrearre. Gemiddeld komme der alle dagen 7.255 besmettingen by yn Nederlân.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.