Marrit Steenbergen mei estafetteploech nei olympyske finale

Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat har op de Olympyske Spelen yn Tokio mei de estafetteploech pleatst foar de finale. Op de 4x100 meter einige Nederlân as twadde yn de heats mei 3.33,51.
© Orange Pictures
Steenbergen swom de estafette mei Kim Busch, Ranomi Kromowidjojo en Femke Heemskerk. Australië sette mei 3.31,73 de rapste tiid del yn de searjes.
De finale stiet foar sneintemoarn op it programma, om 04.45 oere Nederlânske tiid.