Tetris mei kotters yn de fiskershaven fan Harns fanwege bou nije steger

24 jul 2021 - 13:58

It liket hast op Tetris mei fiskkotters yn de nije fiskershaven fan Harns. Troch de bou fan in nije steger binne in soad plakken net beskikber. It wykein is dus in gaos, want dan lizze alle fiskers oan wâl.

Drokte Nije Fiskershaven Harns

"Jimme sjogge it, de kotters lizze allegearre deun op inoar," seit havenplanner Andries Koornstra. Hy wiist yn de fierte op de skippen dy't oan de wâl lizze.

Stoarmrin

Sa'n 46 kotters hawwe noch in plak krigen. "Mar dêr efter sjochst dat sy noch oan it wurk binne oan de nije steger", seit Koornstra. "Troch dy bou groeie wy mei tolve plakken. De plakken dy't wy earst hiene, binne we no wol efkes kwyt troch alle wurksumheden. Dan krije je in stoarmrin op de plakjes dy't der noch binne. Ik haw der gjin sliepeleaze nachten fan hear, want ik sliep sawiesa al min", laket Koornstra.

Drokte yn de fiskerijhaven fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De bou fan de nije steger moat yn septimber klear wêze. Oant dy tiid bliuwt it drok yn de haven. Havenwurker Carlo Wouters is drok dwaande om de haven klear te meitsjen foar moandei, as de measte boaten wer fuortgeane.

Hy rommet ôffal op en smyt stikken tou yn in grutte bak. "We zien dat er een grotere spreiding is van de schepen, omdat we nu ook andere stukken van de haven moeten gebruiken. Hadden we eerst een klein werkgebied, nu moet ik voornamelijk grote delen rijden. Maar we zijn blij dat we toch een nieuw stuk erbij krijgen. Het is nu even vervelend, maar we komen er wel bovenop."

Yn de haven fan Harns is it smoardrok

Trefwurden: 
Harns haven Port of Harlingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)