Us meast iensume plant: de bedrige bosktoarnbei stiet noch mar op ien plak

24 jul 2021 - 13:14

As planten emoasje fiele koene, is dit de meast iensume plant fan Fryslân: de bosktoarnbei. De plant is noch mar op ien plak yn Fryslân te finen: by de Bekhofskâns by Aldeberkeap.

Botanist Karst Meijer tusken de bosktoarnbeieplanten - Foto: Omrop Fryslân

Yn Drinte is der ek noch in lyts oantal plakken en mear binne der net yn Nederlân. Botanist en kurator fan it Herbarium Frisicum yn Wolvegea, Karst Meijer, fynt dat de soart op de reade list fan bedrige en beskerme planten thús heart.

"Het is een bramensoort die alleen maar voorkomt in oude bossen of restanten daarvan", seit Meijer. "In Nederland hebben we meer dan 200 soorten bramen en in Fryslân komen meer dan 70 soorten voor. En dit is eigenlijk de enige braam die we hebben die sterk bedreigd is maar op één plek groeit."

Karst Meijer fan it Herbarium Frisicum

Meijer hat de plant jierren lyn sels fûn. Yn it bûtenlân komt er noch wol wat mear foar, omdat dêr mear âlde bosken binne.

"Schouder waar een spitsje uittreedt"

It meast opfallende oan de bosktoarnbeieplant is it blêd, dat wat spits tarint. Meijer: "Wij noemen dat altijd een schouder waar een spitsje uittreedt. Dat maakt hem onmiddellijk herkenbaar in het gebied."

Noch maksimaal tsien jier

De botanist jout de plant noch maskimaal tsien jier en dan is er fuort. Oare planten - dan benammen gerssoarten plus struken - nimme it oer, wêrtroch't de spesjale toarnbeiesoart te folle yn it skaad stiet.

Der is in stekje fan de plant op in oar plak delset om de kâns grutter te meitsjen dat de soart net útstjert yn Fryslân.

Als je nu geen aandacht schenkt aan deze soort, dan ben je hem voorgoed kwijt.

Karst Meijer fan Herbarium Frisicum

Eins fynt Meijer dat de plant en it plak better beskerme wurde moatte troch de plant op de lanlike reade list fan beskerme soarten te setten: "We weten nog helemaal niet wat de relaties zijn met de omgeving en de relaties met insecten. Dat zijn allemaal zaken die we nog moeten ontdekken. Als je nu geen aandacht schenkt aan deze soort, dan ben je hem voorgoed kwijt."

Selsume toarnbei fertsjinnet beskerming

(Advertinsje)
(Advertinsje)