Strânjutter fynt skynbonke fan mear as 2.200 jier âld by Skiermûntseach

24 jul 2021 - 12:53

Wat strânjutter Casper Meinders fan Pieterburen op it strân fan Skiermûntseach fûn hat, hie hy nea betinke kinnen: in minsklike bonke. Ut ûndersyk docht bliken dat it om in skynbonke giet fan in persoan dy't in pear hûndert jier foar Kristus libbe hat.

Foto: Eigen foto

Meinders die de fynst al yn jannewaris. It foel him doe al op dat de bonke sa donker wie. Dêrtroch tocht hy al dat it wolris âld wêze koe. "Alle alarmbellen gingen rinkelen. Want het was zwart en het leek anders dan de andere botten die je wel eens vindt," fertelt hy.

Saakkundigen by Naturalis koene him oan de hân fan foto's fertelle dat it om in skynbonke gie.

Foto: Eigen foto

De skynbonke is earst ynlevere by de plysje. "Als het om menselijk materiaal gaat, doe je als eerste melding bij de politie. Ook om te kijken of er een link is met vermiste mensen in de Noordzee bijvoorbeeld." It Nederlands Forensisch Instituut hat dêrnei ûndersyk dien yn 'e mande mei Rijksuniversiteit Groningen.

393-181 foar Kristus

It die bliken dat de persoan tusken likernôch 393 en 181 foar Kristus ferstoarn is. "Met koolstofdatering is de datering vastgesteld. Als je je voorstelt hoe de Waddenzeekust er toen uit zag: daar was helemaal nog niet veel bewoning. Dijken waren er niet, terpen werden opgeworpen, de beschaving stond in de kinderschoenen", seit Meinders. "Het is wel heel bijzonder."

Meinders sil de bonke brûke by syn wurk as Waadrinner, om sjen te litten by ekskurzjes.

Casper Meinders fan Pieterburen

Foto: Eigen foto
(Advertinsje)
(Advertinsje)